"In soad houliken komme ta stân troch it kuorbaljen", Sytze út Dokkum fûn de leafde yn Ingelân

Sytze en syn frou Emma yn it greefskip Dorset yn it súdwesten fan Grut-Britanje © Priveefoto
In kuorballeafde yn it bûtenlân dy't einige yn in houlik. Dat is wat Sytze Bijker oerkaam. Sechstjin jier lyn gie de Dokkumer as 'au pair mei kuorbalûnderfining' nei Ingelân. Hy kaam de leafde fan syn libben tsjin en is dêr bleaun.
In sportman en in fanatike kuorballer wie er. De sport joech syn libben in opmerklike draai.
Nei't er ophâlden wie mei syn hbû-oplieding woe er der in jier tuskenút. Op in kuorbalfoarum seach er in oprop fan in Ingelske húshâlding foar 'in kuorbaljende au pair'.
Njonken kuorbalje mei Sytze ek graach fytse © Eigen foto
Sytze: "Dêr sil ik ris op sollisitearje, tocht ik. Ik haw der in wykein hinne west om kennis te meitsjen. Se hiene blykber noch oaren op it each, twa froulju. Uteinlik hawwe se wol foar my keazen. En no binne we sechstjin jier fierder."
By de húshâlding soarge er foar de trije bern. Hy brocht de famkes fan 9, 11 en 13 jier nei skoalle en helle se wer op, makke iten en gie mei harren nei kuorbal. By de klup koene se him wol brûke as trainer en spiler.
Emma, Lily, Sytze en Jamie (f.l.n.rj.) © Priveefoto
Yn gjin inkeld lân is kuorbal sa grut as yn Nederlân. Yn oare lannen wurdt it wol dien, mar op lytsere skaal. Sytze koe syn kuorbalkarriêre yn Ingelân fierder útbouwe.
"Ik haw jierrenlang by it earste team spile yn 'e Premier League. As coach fan it nasjonale team haw ik yn 2014 meidien oan it Europeesk kampioenskip yn Portugal. Dêr binne we fjirde wurden."
"No bin ik noch wol by de klup belutsen: coaching en spylje yn de legere teams. It is mear in hobby wurden, mar it bliuwt in prachtige sport."
In soad houliken komme ta stân troch it kuorbaljen.
Yn Fryslân en Nederlân is dat it gefal, en ek yn Ingelân, seit Sytze
Dy prachtige sport brocht him ek it lok. Hy waard fereale op Emma. Se siet yn it earste team fan The Nomads Korfball Club. Ien fan 'e grutste kuorbalklups yn It Feriene Keninkryk.
"Kuorbaljen docht se no net mear. Se hie der net hiel folle nocht mear oan. We hawwe twa bern. In soad houliken komme ta stân troch it kuorbaljen. Dat is hjir sa en yn Fryslân en Nederlân ek. "
Sytze syn bern: Lily (2) en Jamie (6) © Priveefoto
Sytze wennet mei Emma en de bern yn Coulsdon, net fier fan Londen.
Mei de trein bist yn in goed heal oere yn it sintrum. Ideaal foar in konsert of om in fuotbalwedstriid fan Chelsea of West Ham mei freonen te sjen.
Oan de oare kant binne se ek samar bûtenút, om te fytsen of te kuierjen. "It bêste fan twa wrâlden", neffens Sytze.

Dokkum

Se wenje yn de iene helte fan in dûbeld hûs. In wat grutter hûs soe wol moai wêze. Probleem is dat yn dy omkriten de huzen al gau in stik djoerder binne as yn Dokkum.
De kost fertsjinnet Sytze mei wurk by in ynternasjonaal bedriuw dat testen makket dy't brûkt wurde om kandidaten te hifkjen by sollisitaasjes. Wa wit dat in grutter hûs letter nochris komt.
De bern mei in foto fan Dokkum op 'e achtergrûn © Priveefoto
Werom nei Dokkum dan mar? Nee, it siet der net yn dat syn frou meigean soe om dêr te wenjen. En dat hoegde ek net om Sytze. "Dokkum is prachtich, mar wol wat in úthoeke. It wie my wat te lyts."
Dochs is Fryslân net hielendal út byld. De Bijkers besykje twa oant trije kear yn it jier werom te gean om famylje en freonen te sjen.
No't ien fan de bern nei skoalle giet, is dat wat dreger wurden, mar as se der binne, is it altyd gesellich. "Us mem fynt it moai dat we in pear dagen delkomme yn plak fan inkeld in middei."
Ik praat allinnich mar Frysk tsjin myn bern.
Dan is it makliker as se letter de taal leare wolle, is Sytze syn motivaasje
Frysk en Ingelsk binne besibbe talen. Bringt Sytze de Fryske taal ek noch in bytsje oer op syn bern?
"Jaseker, ik praat allinnich mar Frysk tsjin myn bern. Se ferstean it prima en dat is op himsels moai genôch foar dit momint. Wat wit dat se yn de takomst de Fryske taal ek prate wolle. Dan sil dat makliker wêze."

Wolsto dyn ferhaal ek fertelle?

Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15:10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.