De plysje siket tsjûgen fan it deadlik ûngelok fannacht op de Noordermeerweg by Rutten, krekt oer de provinsjegrins by De Lemmer. By it ûngelok kamen twa jongeren (18 en 19) út Urk om it libben. Trije oare ynsitters rekken ferwûne.
Neffens de plysje binne de trije slachtoffers dy't it ûngelok oerlibbe ha, swierferwûne oerbrocht nei ferskate sikehuzen yn 'e omjouwing. De Noordermeerweg hat oeren ôfsletten west foar it ferkear.
De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok en is op syk nei tsjûgen dy't de auto fan de slachtoffers, in wite VW Golf, fannacht riden sjoen ha. Dashcambylden of oare bylden fan de auto meie ek dield wurde, meldt de plysje.