It sil in protte minsken opfallen wêze ûnderweis: in fytser yn pak en mei in kroan op 'e helm. En net samar ien. Wiebe Tolsma fytste nammentlik syn 66e Fytsâlvestêdetocht. Krekt foar tsienen kaam er oer de finish yn Boalsert.
Tolsma fytste de tocht foar it earst doe't er fyftjin wie. Sûnt dy tiid hat er mar in pear edysjes mist. "Dit jier binne alle pakesizzers en alle bern mei, dan wol ik it ek goed yn pak dwaan", leit Tolsma út.
En de edysje fan oar jier? Dan sjogge we Tolsma hooplik wer: "As ik sa bliuw as ik no bin."
Om tweintich oer njoggenen hat ek Simone Scheffer de Tocht útfytst. Sy fytste him hjoed foar de tritichste en lêste kear en die dat foar it goede doel.
Dat doel is in oanhingfyts foar soarchbuorkerij Veldzicht by Parregea. Yntusken hat se al mear as 7500 euro ophelle.
Biezemwein hellet earste minsken fan 'e dyk en lêste stimpels set yn Aldemardum
De biezemwein fan de organisaasje fan de Fytsâlvestêdetocht hat de earste minsken fan 'e dyk helle.
Sa'n 10 oant 15 minsken binne frijwillich fan 'e dyk helle oant no ta. De ein fan de Tocht komt yntusken hieltyd tichterby. Yn Aldemardum is krekt nei achten de lêste stimpel set.
Yn neifolging fan Tecla, hat ek Akke Terbraak-van der Werf (79) de Tocht folbrocht.
Beide froulju hawwe dêrmei in rekôr set. Nea earder folbrocht in frou de Fytsâlvestêdetocht fyftich kear. Dat resultearre út soarte yn in lokwinsk fan foarsitter Stephan Rekker.
De fytsers krije yn Parregea stipe fan dizze bern en man, dy't der alles oan dogge om harren it lêste stikje troch te krijen. "Nog een klein stukje", roppe de bern, wylst de man mei deksels fan in panne klapperet.
8.500 minsken oer de finish
Der binne oant no ta sa'n 8.500 minsken oer de finish, seit foarsitter Stephan Rekker. "Oant no ta is it in fantastyske dei."
De 36-jierrige Ruurd-Jan Sonnega hat koartlyn te hearren krigen dat er foar de tredde kear yn syn libben kanker hat. It is útsiedde yn syn botten en dêrom wurdt er net mear better.
Dochs hat er fan 'e moarn besletten om hjoed mei te dwaan oan de Alvestêdetocht. Neffens syn âlders woe er koste wat kost op 'e fyts. "Dan tinkst, it kin net wêze dat dy jongen siik is. It is sa ûnwerklik, it is bijna net te leauwen", seit syn mem.
Ruurd syn âlders en in goede freon wachten by de finish op him.
It wie in drokke dei foar de EHBO'ers yn Aldemardum. Sa behannelen se minsken mei spierpine, ien mei eachletsel en sels twa minsken dy't stutsen wiene troch in ealjebij.
No binne de measte minsken Aldemardum wol foarby en hawwe se it wat rêstiger.
Dizze mem en dochter hawwe de Tocht foar it earst fytst, dus no mar in bierke
Foar Simone Scheffer is it in nuvere tocht. Se is trije kear fallen. "En dat is my noch noait gebeurd!"
Se sil nei alle gedachten net foar 20.00 oere by de finish wêze, mar hat der alle fertrouwen yn dat se de ein hellet. "It is fierder in hiele goeie Tocht, mei moai waar en net in soad wyn."
Se fytst sa wer fierder, mar net foardat se in lekker pûdsje chips opyt.
Tecla Sikkes-Brandsma (69) en Akke Terbraak-van der Werf (79) binne de earste froulju dy't de Tocht foar de 50e kear fytse. En dat los fan inoar, want de twa froulju koene inoar foar dizze edysje noch net iens.
No binne se by tafal beide yn Starum. Noch sa'n 30 kilometer te gean. De froulju hawwe der alle betrouwen yn dat dat goedkomme sil.
Tinus fytst de Alvestêdetocht al jierren op syn bakkersfyts. "Ik kin wol op de racefyts, mar dan sjochst allinnich mar tegels en asfalt omdatst as in spear foarút giest. Op dizze fyts kin ik moai om my hinne sjen."
Yn Dronryp sit in groep jongerein mei in speaker en in bierke oan de kant fan 'e dyk: "As wy in ekskús ha om in feestje te meitsjen, dan dogge we dat graach."
De 6-jierrige Jens is tegearre mei syn beppe Ineke Kooiman-van Homoet oan it stimpeljen yn Aldemardum.
Jens wennet yn Súd-Hollân, mar syn famylje hat in histoarje mei de Tocht. Yn 1985 kaam beppe as de tredde frou fan dat jier oer de finish op de redens en heit en pake fytse hjoed mei. En dus woe hy ek belutsen wêze!
Simone Scheffer is krekt foar Ljouwert foar de twadde kear fallen. Dit kear levere it har in ferwûning oan de knibbel en in klap op 'e holle op, dêr't se bot lêst fan hie.
Mar sa posityf as se is wie se yn Ljouwert alwer drok dwaande om donaasjes binnen te heljen.
De fytsers dy't yn Aldemardum yn de rein stiene te wachtsjen meie wer troch, der wurdt wer stimpele. En dat is net it iennige positive, want de sinne komt der ek troch!
By Marsum ha guon supporters it harren wol hiel komfortabel makke. Gjin túnstuoltsje by de dyk mar in wiere hottub, makke fan in omboude wein achter in trekker.
Underyn leit in hoop brânend hout dat it wetter ferwaarmet. Yn it wetter steane twa picknicktafels dêr't de supporters lekker oan sitte kinne. En yn it waarme wetter is der hast neat better as in kâld bierke.
"Wy tochten: wy moatte mar even op fakânsje yn eigen lân."
Ek lekke bannen hearre by sa'n tocht. Dizze frou fytst de 235 kilometer allinnich en moat yn Marsum wachtsje op de servicebus dy't hooplik har bân oplaapje kin.
Ek Fytsalvestêdetochtfeteraan Wiebe Tolsma hat Dokkum berikt. Tolsma fytst de tocht foar de 66e kear, sûnt er 15 is docht er mei. "Je moasten doe eins sechstjin wêze, mar de kontrôle wie noch net sa strang, en ik wie bêst wol grut", fertelt er as er troch it sintrum rint.
It bysûndere oan Tolsma is dat er gjin fytsklean, mar in hiel pak oan hat, mei dit jier: in kroan op de helm. "Ik ha myn tsiende kear yn pak dien, myn 25e kear yn sjaket. Dit jier binne alle pakesizzers en alle bern mei, dan wol ik it ek goed yn pak dwaan."
Tolsma hat mar in pear edysjes sûnt syn 15e mist. "Doe moast ik yn tsjinst, ik haw 'm yn dy jierren wol op eigen gelegenheid fytst, mar dy telle net mei."
De feteraan tinkt dat er takom jier noch wol in kear meidwaan sil. "As ik sa bliuw sa't ik no bin."
Yn Ljouwert komme de fytsers by in grut bouwurk del
Simone Scheffer fytst de tocht foar de tritichste kear, se fytst op it stuit tusken Holwert en Dokkum, mar lei ek al langút. "Ast de skuon net goed út de klikpedalen klikst, dan falst sa opside."
Se fytst foar it goede doel: in duofytsoanhinger foar soarchbuorkerij Veldzicht yn Parregea.
14.014 fytsers ûnderweis
Der binne 14.014 fytsers fan start gien, dat meldt foarsitter Stephan Rekker. Dat betsjut dat in lytse tûzen fytsers net opdagen kommen binne.
"It is frij gebrûklik dat in lytse tsien prosint net fan start giet", seit Rekker.
It swiertepunt fan de drokte ferskoot no wat nei Holwert, dêr komme grutte kloften fytsers binnen.
En ek it sintsje is derby, dêr't de fytsers it fan 'e moarn al troffen mei it waar set dat dus troch. Wol kin de wyn letter wat oanlûke oant in krêft 4 mei útsjitters nei krêft 5.