Ien fan de lussen fan it klaverblêd by Hearrenfean hat koarte tiid ticht west, omdat der in auto fan de dyk rekke wie. De auto is oer de fangrail sketten, hat in ferkearsboerd rekke en is healweis it talúd ta stilstân kaam.
De bestjoerder is neisjoen troch minsken fan de ambulânse mar hoegde net mei nei it sikehûs. De dyk is yntusken wer frijjûn.
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in swiere mishanneling op de Voorstreek yn Ljouwert. In 42-jierrige man is dêrby slim ferwûne rekke. Fjouwer minsken binne oanholden.
Neffens de plysje moat ûndersyk útwize oft se by de mishanneling belutsen wiene.
De mishanneling wie op nijjiersdei om seis oere moarns hinne. Neffens de plysje wiene der doe meardere minsken op strjitte. Minsken dy't mear witte, wurde oproppen om kontakt op te nimmen mei de plysje.
It úthingboerd fan de Lidl yn Snits is troch de hurde wyn loskaam. Om foar te kommen dat it falle soe, hat de brânwacht it boerd mei spanbannen fêstset.
It parkearplak fan de supermerk hat dêrom in skoft ôfsletten west.
De A31 by Dronryp is op it stuit ticht om't der in beam op de dyk fallen is as gefolch fan de hurde wyn. De brânwacht rêdt de beam op.
It ferkear yn de rjochting fan Ljouwert moat by Dronryp de dyk ôf en omride. Wannear't de dyk wer iepen is, is noch net dúdlik.
Feilichheidsregio: 'Behearskbere jierwiksel'
Veiligheidsregio Fryslân sprekt fan in 'behearskbere jierwiksel'. De brânwacht waard tusken âldjiersdei 0.00 oere en nijjiersmoarn 8.00 oere sa'n hûndert kear alarmearre foar ferskate ynsidinten. It gie om relatyf lytse brannen en twa middelbrannen.
"Onze teams zijn de hele nacht en de dag ervoor volop in touw geweest om meldingen en incidenten snel op te lossen", seit direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. Yn it grutste part fan de provinsje ferrûn de jierwiksel neffens him yn goeie sfear.
"Maar het blijft natuurlijk bijzonder dat de brandweer honderd keer moet uitrukken tijdens een jaarwisseling die feestelijk hoort te verlopen. Ik vind het ook jammer dat er bij twee situaties ME nodig was om de situatie weer beheersbaar te krijgen", seit Kleinhuis, ferwizend nei de ME-ynset yn Sint Anne en Marrum.
Brân yn Kimswert út
De brân yn Kimswert is út. It koste lykwols lange, yntinsive ynset, sa seit de brânwacht.
Yn in frijsteande wenning mei reidtek oan de Kimswerderlaan bruts fannacht brân út. De brânwacht skaalde op nei 'middelbrân'.
Neffens de brânwacht koe it reidtek foar it grutste part beholden wurde.
Minderjierrige oanhâlden yn Sint Anne
De plysje hat in minderjierrige jonge út Sint Anne oanhâlden nei oanlieding fan de ûngeregeldheden yn dat doarp ôfrûne nacht.
Yn Marrum waarden ek fjouwer minsken oanhâlden. It giet om in 21-jierrige man fan Dokkum, in 20-jierrige man en twa 18-jierrige manlju út de gemeente Noardeast-Fryslân.
Yn beide doarpen moast de Mobile Ienheid fan de plysje fannacht yn aksje komme. Sawol yn Sint Anne as Marrum waarden aginten mei stiennen bekûgele en wie der sprake fan brân.
De hurde wyn hat syn earste ûngelok feroarsake yn Fryslân. Op de paralleldyk fan de Groningerstraatweg yn Ljouwert is in auto tsjin in omwaaide beam riden.
De beam bruts troch de hurde wyn dwerstroch en kaam op de dyk telâne. De bestjoerster fan de auto hie dat te let yn de gaten en klapte op de beam.
De frou is kontrolearre troch ambulânsepersoniel, mar rekke net ferwûne. Brânwachtlju hawwe de beam yn stikken seage en yn de berm smiten.
Koade giel yn Fryslân
Yn Fryslân jildt oant 17.00 oere koade giel. It KNMI hat it waaralarm ôfjûn fanwegen hurde wynstjitten. Oan see kinne der wynpûsten wêze oant 100 kilometer de oere.
Der is pleatslik kâns op ûngelokken of skea troch it ôfbrekken fan tûken of rûnfleanende dakpannen of túnmeubels. Oan de ein fan de middei nimt de wyn wer ôf.
Gjin fjoerwurkletsel yn Antonius
Yn it Antonius-sikehûs yn Snits is de jierwiksel rêstich ferrûn. Der kamen gjin minsken binnen mei fjoerwurkletsel.
Ek yn it Antonius lit de earste poppe noch op him of har wachtsje.
Mear fjoerwurkslachtoffers as foarich jier
Op de Spoedeisende Hulpen fan it Frisius MC, de fúzjeorganisaasje tusken it MCL en Tjongerschans, wie it wól drok. Yn totaal kamen der yn Ljouwert en op It Hearrenfean fjirtjin minsken binnen mei slim letsel troch fjoerwurk. Dat binne der mear as foarich jier, doe't it der tolve wiene. Mear as de helte fan de slachtoffers dit jier is minderjierrich.
"Er is weer genoeg gebeurd afgelopen nacht", seit plastysk sjirurch Tijmen de Jong fan Frisius MC. "Ik word in consult gevraagd wanneer er echt grote brandwonden zijn en amputaties van vingers." Ien persoan ferlear syn finger en in jonge frou hie slim letsel oan har gesicht.
De Jong hope op in rêstige nacht troch de rein fan ôfrûne nacht, mar dochs wie it dit jier wer raak. "Het beeld is ieder jaar weer wat anders, door de verschillende soorten vuurwerk die verkocht worden. Gelukkig was er de laatste tijd veel aandacht voor cobra's, waardoor mensen hier daar voorzichtiger mee zijn omgegaan."
Dochs is elts letsel neffens de plastysk sjirurch ien te folle. "Het vervelende is dat het vaak gebeurt bij jonge mensen, die nog een heel leven voor zich hebben. Of ook omstanders die zelf niks afsteken en het slachtoffer worden van andermans vuurwerk."
De gefolgen fan it fjoerwurkletsel foar de slachtoffers wurdt pas letter dúdlik, neffens De Jong. "Je weet na een paar dagen pas hoe ernstig het letsel daadwerkelijk is. Het blijft niet bij een drukke nacht, de komende weken zal het ook druk zijn."
Op de ôfdieling ferloskunde wie it lykwols rêstich. Der is yn 2025 noch gjin poppe berne yn de sikehûzen yn Ljouwert of It Hearrenfean.
Rêstige jierwiksel yn Nij Smellinghe
De jierwiksel is yn Nij Smellinghe rêstich ferrûn. It Drachtster sikehûs meldt dat it op de Spoedeisende Hulp wat drokker wie as yn in normaal wykein. Der wiene gjin fjoerwurkslachtoffers, mar wol in pear minsken dy't te folle alkohol dronken hiene.
Op de ôfdieling ferloskunde wie it ek rêstich, sa seit it sikehûs. Der binne mei de jierwiksel gjin poppen berne.
Earste nijjiersstoarm yn tritich jier
Op Flylân is tusken 2.00 en 3.00 oere gemiddeld wynkrêft 9 mjitten. Dêrmei is offisjeel sprake fan in nijjiersstoarm, sa meldt Weeronline.
It is de earste nijjiersstoarm sûnt 1995 en de sânde nijjiersstoarm sûnt de start fan de mjittings. It is ek de earste stoarm fan 2025 en de twadde winterstoarm fan it winterseizoen 2024-2025. Op freed 6 desimber kaam it ek ta stoarm.
Op Flylân stie net allinnich stoarmkrêft 9, der wiene ek swiere wynpûsten fan 91 kilometer de oere. De swierste wynstjit waard oant no ta mjitten yn Starum mei 95 kilometer de oere. Dêr waait it ek hurd, mar ta stoarmkrêft is it noch net kaam.
It bliuwt hjoed oerdeis hurd waaien en de wyn kin noch wat tanimme. Oan de ein fan de moarn en it begjin fan de middei kinne yn it Waadgebiet tige swiere wynpûsten foarkomme oant 105 kilometer de oere. Yn 'e neimiddei nimt de wyn stadichoan ôf en wurdt it ek drûch.
Bewenners en bisten op tiid út it brânende hûs
De bewenners fan it hûs dat yn brân stiet yn Kimswert, hawwe it pân op tiid ferlitte kinnen. Ek de oanwêzige hûnen en de hynders dy't yn in skuorre stienen, binne yn feilichheid brocht.
De brânwacht set no yn op it behâlden fan it wenhûs. Troch de hurde wyn is it dreech om it fjoer te bestriden.
Nei Sint Anne moast de Mobile Ienheid fan de plysje ek yn aksje komme oan de Langebuorren yn Marrum. Op beide lokaasjes waarden aginten mei stiennen bekûgele en wie der sprake fan brân.
Yn Marrum hat de ME fjouwer minsken oanhâlden. It is net bekend oft der yn Sint Anne oanhâldings ferrjochte binne.
Koade giel fanwegen hurde wyn
It KNMI hat koade giel ôfkundige foar de folsleine provinsje Fryslân yn ferbân mei de hurde wyn. Koade giel jildt ek yn Grinslân, Flevolân en Noard- en Súd-Hollân.
Der kinne wynstjitten fan 75-90 km/oere foarkomme. Oan de kust sels oant 100 km/oere. Fanwege dy wyn farre der op nijjiersdei minder fearboaten op de Waadsee. Tusken Harns en Skylge binne twa ôffearten skrast, en datselde jildt tusken Lauwerseach en Skiermûntseach.
Foar it Waadgebiet jildt koade giel oant nijjiersdei 15.00 oere en foar it fêstelân oant 17.00 oere.
Brân yn Gerkeskleaster is út
De brânwacht is deryn slagge it fjoer yn Gerkeskleaster út te krijen. In skuorre en in skutting binne by de brân ferlern gien. Ek in wenning hat skea oprûn.