By in konflikt oan de Dennenstraat yn Ljouwert is in 36-jierrige man út Ljouwert lichtferwûne rekke, dat meldt de plysje. Der is mooglik sprake fan in stekpartij.
De plysje hat fuortendalik in ûndersyk start nei de tadracht fan it ynsidint en oan de hân dêrfan in 34-jierrige man út Ljouwert oanholden.
By in botsing tusken in scooter en in fyts binne fan 'e middei twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde op de krusing fan de Kanaalweg mei de Wilaarderburen yn Ljouwert.
Omstanners hawwe earste help ferliend, de slachtoffers binne nei it sikehûs ta brocht.
Oan de Grytmanswei yn Akkrum is in auto op in trekker botst. Dat barde moandei om 22.30 oere hinne. Neffens omstanners stie de trekker parkearre en knalde de automobilist dertsjinoan.
De auto rekke swier skansearre troch de botsing. De bestjoerder is troch in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
De plysje kaam op it plak om it ûngelok ôf te hanneljen. De Grytmanswei wie dêrfoar koarte tiid ticht.
De brânwacht fan De Jouwer ried moandei út fanwegen in skoarstienbrân oan de Skien. By oankomst die bliken dat der in probleem wie mei de pelletkachel.
Mei de ferbrâning wie in soad reek ûntstien, dy't troch it hûs lutsen wie. Neffens de brânwacht wie de situaasje fluch ûnder kontrôle en foel it aldergeloks ta.
Nei in neikontrôle fan de iepen hurd koe de brânwacht nei in goed healoere werom nei de kazerne.
Goeiemoarn
Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.