Liveblog | 10 desimber 2024

Brânwacht kin brân yn wensoarchkompleks Drachten gau útmeitsje | Mooglik stekynsidint yn Ljouwert

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 10 desimber 2024, 22:41
22:41

Mooglik stekynsidint yn Ljouwert

By in konflikt oan de Dennenstraat yn Ljouwert is in 36-jierrige man út Ljouwert lichtferwûne rekke, dat meldt de plysje. Der is mooglik sprake fan in stekpartij.
De plysje hat fuortendalik in ûndersyk start nei de tadracht fan it ynsidint en oan de hân dêrfan in 34-jierrige man út Ljouwert oanholden.
20:26

Koarte tiid brân yn wensoarchkompleks Drachten

De brânwacht giet it gebou yn
© SRFotografie
Yn in wensoarchkompleks oan de Alferhof yn Drachten hat tiisdeitejûn koarte tiid brân west.
De brânwacht wie rap op it plak en koe it fjoer al gau útmeitsje. It gebou wurdt no fentilearre.
Der rekke gjinien ferwûne.
19:46

Brânstichting by hurdfytsklup yn De Westereen

De brânwacht yn aksje by it fjoer
© SRFotografie
De brânwacht is tiisdeitejûn útriden foar in brân yn in kontener by in hurdfytsklup oan de Sportloane yn De Westereen.
It soe gean om brânstichting. De plysje docht ûndersyk en hat noch gjinien oanhâlde kinnen.
16:06

Twa minsken ferwûne rekke by botsing tusken scooter en fyts

Ambulânses
© Kappers Media
By in botsing tusken in scooter en in fyts binne fan 'e middei twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde op de krusing fan de Kanaalweg mei de Wilaarderburen yn Ljouwert.
Omstanners hawwe earste help ferliend, de slachtoffers binne nei it sikehûs ta brocht.
13:49

Man yn it kâlde wetter yn Burchwert fallen

De helptsjinsten yn Burchwert
© BTBmedia
In ambulânse en de plysje binne tiisdei nei Burchwert útriden fanwegen in melding 'persoon te water'.
It die bliken dat in man fan in boatsje fallen wie en yn de Boalserter Feart bedarre wie. Omstanners holpen him wer op it drûge.
It ambulânsepersoniel hat de helpferliening dêrnei oppakt. It is net dúdlik hoe't it no mei de man giet.
06:51

Ljouwerter fytsers sûnder ljocht op de bon slingere

De plysje fan Ljouwert hat moandei 17 fytsers op de bon slingere om't se gjin ferljochting hiene. Ek in bromfytser krige in bekeuring.
De kontrôle waard moarns op ferksate lokaasjes holden. Fyts mei ljocht, seit de plysje, want dan nimt it risiko op in oanriding mei 20 persint ôf.