In man is sneintejûn mei in mes bedrige op parkearterrein De Hooidollen in Ljouwert.
In famke frege it slachtoffer oft hy even mei har meirinne woe nei de Ljouwerter bosk omdat har fyts dêr stie. De man fûn it in nuvere fraach, mar gie dochs mei.
Doe't de man weromrinne woe, stienen der twa persoanen mei gesichtsbedekking foar him oer. Ien fan harren luts in grut mes.
It slachtoffer draafde gau fuort. Doe't hy even letter foel en omseach, wienen de bedrigers en it famke net mear te sjen.
De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.