By in stekynsidint yn in wenning yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke, Dat meldt de plysje. It slachtoffer is behannele troch minsken fan de ambulânse.
Boargemaster warskôget foar drugskriminelen
Boargemaster Michiel Schrier fan Flylân warskôget minsken foar drugskriminelen. Wa't in pakket fynt, moat dat beslist net mei nei hûs nimme, seit Schrier.
"Wat er soms ook gebeurt, is dat ze een zendertje in die drugspakketten stoppen, en als je dan zo'n pakket mee naar huis neemt, kun je heel veel problemen krijgen met de mensen die zo'n pakket willen hebben."
Plysje ûndersiket konneksje mei oare drugsfynsten
Earder dizze wike spielden al pakketten mei drugs oan op de strannen fan Dútske Waadeilannen. Ferline moanne gebeurde itselde by Scheveningen, en oan de kust by Ouddorp, Rockanje en Oostvoorne.
De plysje ûndersiket oft dizze saken mei mekoar te krijen ha. In protte wol de wurdfierder dêr net oer kwyt, "in het belang van het onderzoek".
De plysje hâldt ekstra kontrôles op de strannen fan de Waadeilannen. Dat seit boargemaster Michiel Schrier fan Flylân.
"Je wilt niet dat de verkeerde mensen dit vinden. Of kinderen. Dat kan gevaarlijk zijn. Maar we weten nog niet wat erin zit, dat moet nog onderzocht worden. Daarna worden de pakketten vernietigd."
It is ek noch net dúdlik hoe't it de pakketten op it strân telâne kaam binne. De boargemaster wiist wol op it waar fan de ôfrûne wike. "We hebben hier een enorme storm gehad, en de wind kwam uit het Noorden. Die was dus aanlandig."
Mooglik pakketten mei drugs fûn op Waadeilannen
Op de strannen fan Flylân en It Amelân binne meardere pakketten fûn mei dêryn mooglik drugs. Dat meldt de plysje.
De treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp ride wer
It spoar tusken Hurdegaryp en Ljouwert is wer iepen. De tsjinstregeling wurdt wer opstart.
Problemen op it spoar tusken Meppel en Ljouwert foarby
De treinen tusken Ljouwert en Meppel ride wer.
Yntusken bine tusken Ljouwert en Hurdegaryp stopbussen ynset. De treinen ride dêr om 12.45 oere wer, is de ferwachting.
Gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp
Der ride op dit stuit gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Dat duorret neffens de NS noch oant 13.00 oere.
Ek op it trajekt tusken Ljouwert en Meppel binne der problemen troch in defekte trein. Der is fertraging en der ride minder treinen. Dat duorret oant ûngefear 11.15 oere.
Twa minsken binne justerjûn oanhâlden foar in besykjen ta deaslach en swiere mishanneling.
De fertochten binne Ljouwerters fan 21 en 31 jier en wiene belutsen by in fjochtpartij op it Wilhelminaplein yn de haadstêd, dat barde om 18.45 oere hinne.
It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De fertochten koene let op de jûn oanhâlden wurde.
De plysje ûndersiket de saak noch fierder.
Goeiemoarn
Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder werom lêze.