Rêdingsaksje foar deim yn de problemen noch net slagge

De deim sit fêst yn de touwen © Frenk Stoutjesdijk
In besykjen om de deim (damhert) dy't al dagen yn de problemen sit yn it Ketliker Skar te helpen, is woansdei net slagge. In hûnelieder dy't it bist ferdôvje soe, hat de deim net mear oantroffen.
De deim is mei syn gewei en liif yn de tiis rekke mei in stik tried en tou. It bist luts al skoften de oandacht fan de besikers fan it natuergebiet by It Hearrenfean.
Woansdeitemoarn hat de plysje mei in drone it gebiet ferkend en it hart lokalisearre. It bist lei op de grûn. It wie de bedoeling om it hart te ferdôvjen en him dan te befrijen fan it izerwurk om it gewei hinne.
De plysje hat de roedel deimen út de bosk jage, mar de deim yn de problemen is net mear sjoen. De syktocht wurdt no earst stillein.
"We gaan er nu van uit dat het damhert dat eerder vandaag via een drone gesignaleerd werd óf toch niet hetzelfde damhert was waarnaar uitgekeken werd óf zichzelf inmiddels uit de benarde situatie heeft kunnen bevrijden", meldt in wurdfierder fan de plysje.
As minsken it bist noch sjogge, dan meie se dat melde by de plysje.

Deagean fan de stress

Earder sei koördinator Titus Sijmonsma fan Faunabeheereenheid Fryslân dat it ôfsjitten fan it bist, om him út syn lijen te ferlossen, de bêste oplossing wêze soe. "As je te tichteby komme, makket dat in hiel soad yndruk op it bist. Dat kin in soad stress feroarsaakje en dêr kin er ek fan deagean."
Der soenen ek twa wolven yn it gebiet omrinne. De deim wurdt dêrom goed yn de gaten holden.

Fiifhûndert deimen

Yn it natuergebiet libje mear as fiifhûndert deimen. Dat is eins te folle foar de omfang fan it gebiet. Der komme faak ûngelokken foar en der is geregeld oerlêst fan de bisten.
Dêr is de minske ek skuldich oan, seit Sijmonsma. "Bygelyks de triedden dy't yn de natuer los omslingerje, dat feroarsaakje wy as de minske sels."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.