Bob út Aldegea hat mei syn skoansuster in camping yn 'it Toscane fan Dútslân'
Bob Bouma fan Aldegea (Smellingerlân) beheart tegearre mei syn skoansuster Foekje de Boer in camping yn it Nahetal yn Dútslân. "Wy sjogge it net as wurk. Altyd mei wille nei de camping. Alle dagen wer in nije dei en alle dagen wer moai."
De camping fan de famyljekombinaasje Bouma (55) en De Boer (61) leit yn it westen fan Dútslân, op 5,5 oeren riden fan Fryslân. Dan komst oan yn it dal fan de rivier de Nahe dy't fan de streek de Hunsrück nei de Rijn ta rint.
Toscane fan Dútslân
Bouma syn camping by Oberhausen an der Nahe leit yn ien fan de drûchste en waarmste streken fan Dútslân. Om harren hinne lizze wyngebieten. De streek docht wat Italiaansk oan. "Se neame it ek wol it Toscane fan Dútslân om't it hjir altyd frij waarm is."
Hy neamt it sels in bysûndere konstruksje, dat er tegearre mei syn skoansuster Foekje in camping yn Dútslân hat, wylst syn frou Annet (59) mei de soannen Thimo (26) en Robin (23) yn Fryslân bleaun is.
Myn skoansuster sei: ast do in camping begjinst, dan is dat ek wol wat foar my.
Bob wurke yn Fryslân by in grut ynstallaasjebedriuw, dat er mei oaren oernaam hie fan syn heit. Om't er him dêr net lokkich fielde, besleat er út it bedriuw te stappen.
Op in stuit kaam it idee om in camping te begjinnen te praat. "Myn skoansuster sei: ast do in camping begjinst, dan is dat ek wol wat foar my. En sa kaam fan it iene it oare."
Dútslân wie de bêste opsje, fûn er. Yn Nederlân is in camping net te beteljen en oare bûtenlannen foelen om ferskate redenen ôf.
"As minsken in camping begjinne yn Frankryk of sa, giet it faak om de gesellichheid en de sfear. Mar moatst der wol fan libje kinne. Dêr hawwe wy echt nei sjoen. En boppedat tochten we dat de Dútske kultuer it bêste by ús passe soe."
Se kochten in besteande Dútske camping. Dy wie net mear yn bêste steat. Mei help fan famylje, freonen, kunde en campinggasten hawwe se der yn de rin fan de jierren harren eigen plak fan makke.
Wy sjogge it net as wurk.
De camping hat as doelgroep 50-plussers dy't fan rêst, kuierjen, fytsen en wyndrinken hâlde. Bouma is posityf: "Wy sjogge it net as wurk. Alle dagen gean we mei wille nei de camping. Alle dagen wer in nije dei en alle dagen wer moai."
In camping yn Fryslân begjinne, soe er ek wol wolle.
"Foar my soe dat wol in opsje wêze, foar myn beurs net. Fryslân is gewoan te djoer. Krektlyn stie yn Earnewâld in camping te keap. Wy wenje yn Aldegea en dan soe ik der op de fyts hinne kinne. Mar sa'n camping is net te beteljen foar my. Hjir yn it Nahetal hawwe wy it goed nei it sin. We hawwe alle jierren ek in soad minsken út Fryslân te gast."
De ôfrûne tsien jier hawwe se behoarlik bealige, want it is hurd wurkjen op in camping. Yn de simmer sân dagen yn de wike, tolve oeren deis. En personiel is dreech te finen. Se krije faak help fan freonen en kunde. Boppedat komme Bob syn frou en syn soannen ek in soad del.
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
It campingseizoen rint fan 15 maart oant 15 novimber. Aanst yn novimber gean se earst op fakânsje en dêrnei in moanne lang nei Fryslân. Mei de krystdagen binne se dan yn Fryslân om mei Bob syn famylje de feestdagen te fieren. En foar âld en nij is de skoanfamylje útnûge om nei it Nahetal te kommen.
"Wy hawwe plak genôch. Sjochtst inoar troch it jier hinne minder en dan binne de feestdagen 'gouden dagen'."