Hedwich Kuipers út Deinum docht MS-ûndersyk yn Kanada: "Hieltyd tichter by in trochbraak"
Hedwich Kuipers (45) fan Deinum is ymmunologe en wennet mei har Amerikaanske man Andy en bern yn it Kanadeeske Calgary. Se docht dêr oan de universiteit ûndersyk nei de sykte MS.
Efkes koart foarstelle: Hedwich waard berne yn Ljouwert. Nei de legere skoalle ferhuze se nei Deinum, dêr't har famylje no noch wennet. Yn Leiden studearre se biofarmyske wittenskippen en ymmunology, en promovearre se op MS.
Dêrnei gie se fierder yn Amearika oan de Stanford University, flakby San Francisco. Yn Silicon Valley moete se har man Andy.
Sûnt 2018 sit se op de universiteit fan it Kanadeeske Calgary yn in tsienjierrich trajekt om professor te wurden.
Se hâldt har dwaande mei ûndersyk nei de sykte MS (multiple sclerose). Sels docht se net mear sa'n soad yn it laboratoarium, fertelt se.
"Ik haw in ûndersyksgroep mei studinten en analysten. We besykje derachter te kommen hoe't MS ûntstiet. Gelokkich kinne we al in behoarlik soad oan de sykte dwaan, foaral yn it earste stadium."
"We komme hieltyd tichter by in trochbraak. Yn it earste stadium kin de sykte tige aktyf wêze. Minsken krije útfal of oare symptomen. Tuskentroch is it faak rêstiger. Uteinlik wurde de symptomen hieltyd slimmer."
"Oan dat earste stadium kinne we reedlik wat dwaan. Dat twadde stadium begripe we noch net sa. Dêr binne we bot mei dwaande."
En sy net allinnich. Oare wittenskippers wurkje dêr ek oan. Der wurde in soad testen dien. It liket dat se stadichoan komme by in manier om dit op te kearen of te stabilisearjen, mient Hedwich.
Har wurk stiet no efkes op in leech pitsje. Yn july krige Hedwich har twadde bern en se is no mei ferlof. Har beide bern hawwe Fryske nammen. It krekt berne jonkje fan acht wiken hjit Marten en it soantsje fan fiif Lieuwe/Leo.
"Wy woene Fryske nammen dêr't in Ingelske fariant fan bestiet of dy't se hjir goed útsprekke kinne."
Marten wie net sa'n probleem. "Hy hjit eins Martin Frederik, mar foar de Friezen sizze we Marten Freark." Foar Lieuwe moast se wat langer stinne.
Leowardensis waard Leo en Lieuwe
In buorfrou kaam mei de namme Leo. Se seach in kaart fan Ljouwert, de stêd dêr't Hedwich yn har jonge jierren wenne. Dêr stie de namme Leowardensis op.
"'Moatst him Leo neame', sei myn buorfrou. 'Dat is in moaie namme.'"
Ast Leo ferfryskest, komst op Lieuwe. Hedwich wie gau út de ried. It moaie is, sa fertelt se, dat foar de Kanadeeske berntjes op de berne-opfang de útspraak fan de namme Lieuwe gjin probleem is.
Yn Kanada krije âlden in jier berneferlof. Ofhinklik fan it wurk kin it noch langer wêze.
Hedwich: "Kinst it rekke nei oardel jier. It hinget fan it wurk ôf hoefolle oftst derby krigest, boppe-op de basisútkearing. En kinst it sa yndiele ast sels wolst. Meist dy tiid ek opdiele mei dyn partner."
Wurk is nea fier fuort
It wurk dat Hedwich docht, is nea fier fuort. Se jout lieding oan in ûndersyksgroep fan studinten, skriuwt artikels foar wittenskiplike tiidskriften oer har MS-ûndersyk en jout kolleezje.
Der is, ek no yn har ferloftiid, altyd wol wat te dwaan. "It is net sa dat ik allinnich mar oan de bern tink en harren fersoargje. Der komt altyd wol wat fan it wurk op myn paad dat dien wurde moat."
Calgary is in noflike stêd om yn te wenjen, fynt Hedwich. Mar net sa gesellich as Europeeske stêden mei terraskes, lykas Ljouwert.
Foar in Noard-Amerikaanske stêd is it moai, mei simmerdeis in soad grien, in reedlik myld klimaat en sicht op de bergen fan de Rocky Mountains. Wat it benammen noflik makket om te wenjen binne de minsken.
Minder hurde mentaliteit as yn Amearika
"Foar't ik nei Calgary ferhuze, haw ik in skoft yn California wenne, flakby San Francisco. Dat wie ek hiel moai, mar de Amerikaanske mentaliteit kin frij hurd wêze. Hjir fielt it folle mear as thús."
Wy sykje Friezen om utens
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Ja, se mist Fryslân, mar ûnwennich is se net. Hat se nea west, as bern al net. Mar wannear't se út it fleantúch wei Nederlân lizzen sjocht, jout har dat dochs in bepaald gefoel.
"As ik it lânskip fan boppen sjoch en letter yn de trein ûnderweis nei Deinum al dat grien en de kij, dan mis ik it wol." De ferneamde sipel op de toer fan Deinum betsjut thús. foar har.