Dennis út Drachten fûn de leafde yn de Kariben, mar komt no werom nei Fryslân
Dennis Meter fan Drachten swalket al twa jier mei syn sylboat troch it Karibysk gebiet. Oan syn reizen komt no in ein. Hy hat de boat te keap set. It doel is werom te gean nei it heitelân.
Meter hat de ôfrûne oardel jier in aventoerlik libben hân op syn sylboat yn it Karibysk gebiet. Hy helle sels de Amerikaanske telefyzje mei syn filmke oer de orkaan Beryl.
Hy hie in goede baan as projektlieder by in arsjitekteburo, mar grypte de kâns om mear fan de wrâld te sjen. De reis begûn yn 2022.
Mei twa freonen hie er it deroer hân in grutte reis te meitsjen. Se koene inoar fan de Keninklike Wettersportferiening Snits. Alle trije wiene se betûfte silers. Se hiene in soad tiid trochbrocht op de Snitser Mar en de Waadsee.
Dyselde jûn wie it plan ûntstien om de oseaan oer te stekken.
Ris echt goed fuort. Dat woene se, fertelt Dennis. "We hiene it deroer om twa of trije moannen nei Skandinavië te gean, of sokssawat. Om't we dan ûntslach nimme moatte soene op ús wurk, koene we likegoed folle fierder fuort."
"Dyselde jûn wie it plan ûntstien om de oseaan oer te stekken. We hawwe der goed in wike oer neitocht en doe in boat kocht en ús in jier lang taret op de grutte reis."
Yn juny 2022 begûn de grutte oerstek. It wie fantastysk, seit Dennis. De oankomst joech in geweldich gefoel. Se kamen oan yn Suriname. "Dan leist dêr op de Surinamerivier (dy't útkomt yn see, red.). Datst it helle hast, wie wol sa'n geweldich gefoel."
Nei in jier woene de twa freonen werom nei Nederlân. Dennis net. Hy woe langer bliuwe. Om't er no allinnich oan board wie, nûge er op Facebook beteljende opstappers út. Sy koene in skoft mei. "Earst hie ik in Italiaanske jonge oan board, dy't twa moanne mei west hat. Doe in pear moanne lang in Amerikaanske frou."
Leafde yn in orkaan
Underweis kaam Dennis de leafde fan syn libben tsjin. Op it eilân Sint Lucia moete er Jannell Etienne. Sy wie sa stoer om mei te wollen, sa't Dennis it sels seit.
Fan no ôf sylden se tegearre troch it Karibysk gebiet. Dat wie in moaie, mar ek útdaagjende tiid. De orkaan Beryl kaam foarby en se sylden fan eilân nei eilân om him foar te bliuwen. De boat wie net fersekere foar orkaanskea.
Tweintich oeren hawwe se ûnderweis west. De orkaan ferpleatste him ek hieltyd wer. Jannell makke in TikTok-filmke fan dy reis. Dat waard populêr yn Amearika. In heal miljoen minsken hawwe de bylden sjoen.
It waard oppikt troch in Amerikaansk telefyzjestasjon. Jannell en Dennis diene mei in byldferbining oan board live yn de útstjoering harren ferhaal.
Nei harren flecht foar de orkaan Beryl wiene Dennis en Jannell op de Amerikaanske televfyzje:
It is no tiid foar wat oars. Nei hast oardel jier tegearre farren wol Dennis de boat ferkeapje en mei syn freondinne werom nei Nederlân. "It hat moai west. We tinke de boat hjir goed ferkeapje te kinnen."
Jannell is social media manager. Sy sil nei alle gedachten op Trinidad har ynboargeringseksamen dwaan foardat se tegearre nei Nederlân gean. Sy wol ynternasjonaal rjocht studearje en Dennis wol fierder as selsstannich arsjitekt.
Dennis libbet as in echte digitale nomade. Hy hat syn eigen arsjitekteburo en docht syn wurk oan board. Dochs fernimt er dat it dreech is om nije klanten te finen ast hieltyd op see sitst. Dêrom hat er ek it beslút naam om werom te gean nei Nederlân.
It absolute hichtepunt fan syn reis fynt Dennis dreech om te neamen, bûten de moeting mei syn freondinne Jannell om, fansels.
"As ik wat neame moat, dan de oerstek fan de oseaan en minsken moetsje yn it algemien. We hawwe moaie jûnen hân yn it Karibysk gebiet mei minsken oan board en barbekjûs op it strân. Ik haw in hiel soad ferskillende minsken moete. Dat is sa geweldich oan sa'n reis."
Wy sykje Friezen yn it bûtenlân
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Nei it avontuerlike libben op see binne se no fan doel om in nij libben yn Nederlân op te bouwen. Dennis hat in goed heal jier ferlyn ek al werom west.
"Ik haw net ien ding dat ik as earste dwaan wol, as ik werom bin yn Fyslân. Lykas drûge woarst ite of sa. Yn alle gefallen wol ik de pakes en beppes en de famylje sjen, dus efkes by elkenien del. En dan in eigen plak sykje en in moai libben opbouwe."