Ein oan aksje Greenpeace boppe Skiermûntseach

Aksjefierders fan Greenpeace op see © Greenpeace
Nei sechtich oeren is der in ein kaam oan de aksje fan Greenpeace, op see boppe Skiermûntseach. Aksjefierders wiene dêr út protest tsjin de gaswinning fan ONE-Dyas yn de Noardsee.
De rjochtbank bepaalde oan de ein fan de middei dat de miljeuorganisaasje ophâlde moast mei it tsjinhâlden fan de ynstallaasje fan it gasplatfoarm, skriuwt RTV Noord.

"Disproportioneel"

"Het blijven belemmeren van die werkzaamheden is disproportioneel omdat daardoor de plaatsing langdurig vertraagd zou worden, waardoor ONE-Dyas aanzienlijke schade zou lijden en de leveringszekerheid van gas in het gedrang kan komen", sa stiet yn de útspraak.
ONE-Dyas easke foar de rjochter in fergoeding fan 100.000 euro foar elts oere dat de aksjefierders der noch wiene. As sy net fuortgean soene, soe it projekt oant in jier fertraging oprinne, sa fertelde it bedriuw by de rjochter.

Auto bedarret yn de sleat yn Dokkum

De auto yn de sleat © ProNews
By de Hogedijken yn Dokkum is fan 'e jûn in auto yn 'e sleat bedarre. Hoe't dat krekt koe, is net dúdlik. De helptsjinsten waarden om healwei achten hinne oproppen foar it ûngelok.
De bestjoerder is troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar rekke net ferwûne. In berger sil de auto út de sleat helje.

Plysje dielt sinjalemint fertochte sjitpartij

It plak fan it sjitynsidint © AS Media
De man dy't justerjûn ferwûne rekke is by in sjitpartij oan de Voorstreek yn Ljouwert, is in 25-jierrige man út Ljouwert. Dat makket de plysje bekend.
Neffens de plysje binne der mooglik meardere fertochten. Ien dêrfan is in man fan tusken de 1,80 en 1,90 meter lang mei in donkere hûdskleur en koart, donker hier.
Hy hie op it momint fan it ynsidint in donkergrien T-shirt en in donkergriene koarte broek oan. De persoan is rjochting de Amelandsdwinger draafd, fia de Catharinahof.

Tsjûgen

Ek siket de plysje in tsjûge. Dat is in frou mei rôze of read hier. Sy soe oanwêzich west ha yn de hoarekagelegenheid en is mei in boatsje fia it wetter oan de foarside ôfset.
De plysje tinkt ek dat der mear tsjûgen west ha en ropt dy op har te melden.

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.