Nei sechtich oeren is der in ein kaam oan de aksje fan Greenpeace, op see boppe Skiermûntseach. Aksjefierders wiene dêr út protest tsjin de gaswinning fan ONE-Dyas yn de Noardsee.
De rjochtbank bepaalde oan de ein fan de middei dat de miljeuorganisaasje ophâlde moast mei it tsjinhâlden fan de ynstallaasje fan it gasplatfoarm, skriuwt
RTV Noord.
"Het blijven belemmeren van die werkzaamheden is disproportioneel omdat daardoor de plaatsing langdurig vertraagd zou worden, waardoor ONE-Dyas aanzienlijke schade zou lijden en de leveringszekerheid van gas in het gedrang kan komen", sa stiet yn de útspraak.
ONE-Dyas easke foar de rjochter in fergoeding fan 100.000 euro foar elts oere dat de aksjefierders der noch wiene. As sy net fuortgean soene, soe it projekt oant in jier fertraging oprinne, sa fertelde it bedriuw by de rjochter.