De wietste PC ea waard in heroyske modderstriid: "Elke oare keatswedstriid hie skrast wurden"
In bal dy't ferdwûn yn 'e drek en noait mear weromfûn waard, ferskate keatsers dy't blessearre rekken en in priisútrikking sawat yn it tsjuster. De PC fan 2010 sil net gau út it kollektive ûnthâld fan de keatswrâld ferdwine.
Benammen by de ôfrûne PC, dy't pas om 12.00 oere úteinsette koe fanwege tongerbuien, en foar in part ek ferkeatst waard op fuotbalfjilden, gienen de gedachten faak werom nei de wietste PC ea.
Flugge tebeksetter
Op 4 augustus 2010 wienen de winners fan it jier derfoar wer tradisjoneel mei in koets fan de Koornbeurs nei It Sjûkelân brocht, mar se wienen noch mar kwealik út dy koets wei oft de dei fan de 157e PC krige syn earste tsjinslach te ferwurkjen.
Keatser Alle Jan Anema ferdraaide healwei syn earste omloop op it wiete fjild de knibbel en moast fan It Sjûkelân ôfdroegen wurde. "It gers wie hiel koart meand en troch de rein wie it dêrtroch hiel glêd", wit Anema noch goed.
Fuotbalskuon wienen yn dy tiid noch ferbean, omdat in soad ferieningen fûnen dat dy harren fjild fernielden. "Mar mei fuotbalskuon hie it net bard", tinkt Anema.
Yn it sikehûs die bliken dat de krúsbân fan Anema skuord wie. In operaasje en in lange refalidaasje folgen. It folsleine seizoen fan 2011 gie dêrtroch oan him foarby. "It wie it djiptepunt fan myn karriêre", seit Anema.
"Mar ik haw as foardiel dat myn lêste oantinken oan de PC posityf is, dêrtroch haw ik 2010 better ferwurkje kinnen", seit Anema, dy't dêrmei doelt op 2017. Op syn alderlêste PC skreau er de wedstriid mei Bauke Triemstra en Hendrik Kootstra op syn namme.
De PC fan 2010 is foar my dan ek absolút gjin trauma.
Dat hichtepunt fan syn karriêre hie der miskien wol nea kaam sûnder syn knibbelblessuere. "Ik wie yn dy tiid eins te swier. By myn refalidaasje bin ik sân oant tsien kilo kwytrekke en dy binne der eins noait mear bykaam."
"De PC fan 2010 is foar my dan ek absolút gjin trauma", seit Anema. "Ik haw letter ek noch in brief krigen fan de PC. Net echt mei ekskuzen ofsa, mar wol om my sterkte te winskjen. Dat wie wol hiel netsjes."
Anema ferwyt de kommisje wat syn blessuere oanbelanget dan ek neat. "It hie ek in wike earder of letter barre kinnen."
Boargemaster oerleit oer fuotbalskuon
Dochs wiene de blessuere fan Anema en de oanhâldende rein reden foar de organisaasje om yn te gripen. Nei tastimming fan boargemaster Fred Veenstra waard besletten dat fuotbalskuon dochs tastien wurde soenen de rest fan de dei.
Mar de wichtichste en meast besprutsen beslissing fan de dei moast doe noch komme.
It begûn yn de middei sa fûl te reinen dat skiedsrjochter Henk van der Zee neat oars koe as de wedstriid stil te lizzen. De twa perken wienen yntusken feroare yn in modderpoel.
"Elke oare keatswedstriid hie hielendal skrast wurden", seit Daniël Iseger, dy't mei Taeke Triemstra en Gert-Anne van der Bos as absolute topfavoryt oan de PC begûn.
Der waard sein: 'As jimme net keatse wolle, dan binne jimme derôf.'
Doe't de slimste rein foarby wie, waard mei walsen besocht it fjild wer spylklear te meitsjen. De perken waarden mear nei de sydkant ferlein. "Neffens my wie dat net iens neffens de regels", seit Iseger. "Dat hawwe we noch wol tsjin de skiedsrjochter sein, mar der waard sein: 'As jimme net keatse wolle, dan binne jimme derôf.'"
Nei goed oardel oere gie de wedstriid dus dochs fierder.
Risiko
Dy beslissing efterfolget skiedsrjochter Van der Zee ek no noch hieltyd. "Mar ik stean der noch altyd efter", seit er fjirtjin jier nei dato.
"It is benammen it publyk dat der noch geregeld oer begjint, dat we dermei ophâlde moatte hienen. Tuerlik wie it in risiko, mar je dogge it eins noait goed, dat bin ik ek wol wend as skiedsrjochter."
Der lei in senario klear om de PC op sneon út te spyljen op de fjilden fan SC Frjentsjer. "Dêr hawwe we wol oer neitocht. Mar ik fûn dat we nei it ferskowen fan de perken fierder koenen."
Foar sa'n beslissing komt Van der Zee yn elk gefal no noait mear allinnich te stean. "Dat hawwe we wol leard fan dy PC. De ferantwurding leit no net mear by ien. Je kinne no mei-inoar kommunisearje en dan in beslút nimme."
Trije ferrassingen yn heale finale
Oft it no mei de bysûndere omstannichheden te krijen hie of dat it tafal wie, der kamen ferrassend genôch trije earsteklaspartoeren yn de heale finale. It partoer fan Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn kaam sels yn de finale.
Flisijn wol der neat fan witte dat harren finaleplak allinnich te krijen hie mei it minne fjild. "Dat is te koart troch de bocht", seit Flisijn. "De omstannichheden binne by keatsen noait gelyk. It giet derom hoe't je it bêste omgeane mei dy situaasje."
Tsjuster waard fijân
De organisaasje hie der foar de finale neist it wetter yntusken noch in natuerlike fijân by krigen: it ynfallende tsjuster. "Ik siet al tsjin de kramp oan nei de heale finale, mar tiid om by te kommen wie der net. We hienen haast", wit Flisijn noch goed.
Lêst fan kwaaltsjes hienen se by Iseger-en-dy net. Yn it paad nei de finale hienen se yn trije wedstriden yn totaal fjouwer earsten ferlern.
Dochs waard it in spannende finale. "Wy kamen hieltyd in earst foar", wit Flisijn noch. Iseger is ek net fergetten dat it beide kanten op kinnen hie: "Op 4-3 krigen se in maklike opslach mei in hiele lytse keats om 5-3 te meitsjen, mar op ien of oare wize sloegen se him kwea. Oars hienen se in gigantysk gat."
Sa fier kaam it dus net, it toppartoer fan Iseger wûn úteinlik mei 5-5 en 6-2. "Ik kin sa tsien mominten fertelle dy't we krekt oars dwaan moatte hienen", seit Flisijn. "It docht noch wol sear, want we hienen him hiel graach winne wollen. It wie ús iennige kâns."
Om 21.30 oere waard Van der Bos mei Iseger en Triemstra oan syn side kroand ta kening fan de 157e PC. De sinne wie doe krekt ûnder gien. "Ik wit yndie noch dat it al wat tsjuster wie. We stienen yn de flitsen fan de fotografen. Dat hie ik noch noait meimakke", seit Iseger.
De sulveren keningsbal gie dus nei syn kollega, mar de meast mytyske bal fan de dei kaam wol op namme fan Iseger. Yn de finale miste hy in bal mei syn hân, wêrnei't er derboppe-op telâne kaam.
Dy bal ferdwûn earne yn it swarte gat dat foar perk trochgean moast. "Dy bal is noait mear fûn", seit Iseger.
It seit in soad oer hoe't it fjild der op dat stuit by lei. It ferstân fan Iseger seit dan ek dat de wedstriid noait op de fiifde woansdei fan july útspile wurde moatten hie, mar it hert seit oars: "Ik bin bliid dat ik derby wie. We hawwe skiednis skreaun as winners fan in fochtige en heroyske PC."