Miranda Meijerman yn Berlyn geniete fan de oranje EK-sfear: "Overweldigd door de supporters"
Friezinne-om-utens Miranda Meijerman (47) yn Berlyn hie by alle wedstriden de Nederlânske flagge te hingjen fanwege it Europeesk kampioenskip fuotbal dat dizze kear yn Dútslân hâlden wurdt. Tusken oare Oranjesupporters folge se op in grut skerm de wichtichste wedstriden fan Nederlân.
Benammen yndrukwekkend wie de wedstriid tsjin Turkije. Dy hat se mei in groepke freonen en bekenden sjoen op in grut skerm bûtendoar. Dêr wie in soad publyk by.
"In Berlijn wonen veel Turken. Toch was ik overweldigd door het aantal Oranjesupporters. Ik geloof dat wij in de meerderheid waren. Het was een geweldige sfeer."
Meijerman is grut wurden yn Drachten, studearre business and languages yn Grins en hat tolve jier yn Utert wurke en wenne. En no sit se sûnt sân jier yn de Dútske haadstêd.
De winsk om yn it bûtenlân te wenjen wie der altyd al by har. Op har 40e tocht se dat it no wêze moast, oars soe it der net mear fan komme. It waard Berlyn, dêr't se op in simmer op fakânsje wie. Dan is de stêd op syn moaist, fynt se. Noflike temperatueren, gesellige terrassen en in soad grien yn de stêd yn de foarm fan beammen en parken.
"Ik werd gegrepen door de sfeer en dacht: hier ga ik wonen. Niet zo heel ver weg van Nederland en een fantastische stad."
De kar wie dus fallen op Berlyn en no moast se dêr in baan fine. Dat waard de kleanwebshop Zalando, fan oarsprong Dútsk en fêstige yn Berlyn. De ûntjouwing fan de organisaasje wie har wichtichste taak. Se hie in soad ynternasjonale kontakten en dêrby kaam har behearsking fan ferskate talen goed fan pas.
Sûnt goed in heal jier hat Meijerman in oare baan. By de Deutsche Bank, ek yn de organisaasje-ûnjouwing, wat koartsein feroaring yn de organisaasje ynhâldt.
Nederlanders worden beschouwd als open, relaxed, prettig om mee te werken en vriendelijk.
"Als je goed Duits spreekt, heb je een streepje voor. Nederlanders worden beschouwd als open, relaxed, prettig om mee samen te werken en vriendelijk. Gelukkig hebben we die naam nog steeds. Ik hoop dat dat zo blijft."
Europeeske ferkiezings
Meijerman komt út in polityk nêst. Har heit Anton Meijerman siet foar it CDA yn Provinsjale Steaten fan Fryslân. Sels is se ek aktyf yn de polityk. Foar de partij Volt stie se op de list foar de Europeeske ferkiezings. De lêste wike hat se ek yn Fryslân west om kampanje te fieren.
"Ik vind het belangrijk dat mensen vanuit de regio een gezicht hebben bij iemand die op de lijst staat."
Omdat se leech op de list stie (plak 18), waard se net keazen.
Foarearst tinkt se noch wol efkes yn Berlyn te bliuwen. Yn it begjin wie se dêr net sa wis fan. Dêrom hie se har hûs yn Utrecht noch in skoft oanhâlden. Nei in jier hat se dat pas ferkocht. It fielt goed yn Berlyn, seit Meijerman:
"Ik ben echt geland. Heb hier een partner gevonden, die toevallig ook een Nederlander is. Het voelt helemaal thuis."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.