'Meardere lannen woenen net meidwaan oan Songfestivalfinale troch saak-Joost en Israel'

Joost Klein by in repetysje © EBU/Corinne Cumming
In healoere foar de finale fan it Eurovisie Songfestival drigen meardere lannen harren werom te lûken. De foarnaamste reden: de dielnimming fan Israel, mar ek de diskwalifikaasje fan Joost Klein spile mei.
Dat meldt it Noarske VG en it Sweedske Aftonbladet. De lannen dy't harren weromlûke woenen, wienen it Feriene Keninkryk, Ierlân, Portugal, Grikelân, Noarwegen en de lettere winner Switserlân.

'Hiele dei krisisoerlis'

VG hat sprutsen mei Magnus Børmark, lid fan de band Gåte dy't foar Noarwegen meidie. "Wy woenen net oan it Songfestival meidwaan om brûkt te wurden yn in oarlochspropagandamasine fan Israel", seit Børmark.
Aftonbladet stelt dat it útsluten fan Joost Klein ek in faktor wie yn it proses. De organisaasje fan it Songfestival, de EBU, hat neffens de krante de hiele dei in krisisgearkomste hâlden.
Gjin 'Europapa' yn de Songfestivalfinale © Sarah Louise Bennett / EBU
Pas 25 minuten foar de liveútstjoering fan de finale wie der in akkoart tusken de Songfestivalorganisaasje en de seis lannen. Wat de ynhâld fan dat akkoart krekt wie, is net dúdlik. De seis lannen hawwe úteinlik allegear optreden en de Switserske Nemo wûn it festival sels mei 'The Code'.
Nederlân hie him mei Joost Klein en 'Europapa' ek pleatst foar de finale. Klein waard twadde yn syn heale finale en dat wie mear as genôch foar in finaleplak.

Ynsidint mei kamerafrou

Mar safier kaam it net. Nei ôfrin fan syn optreden yn de heale finale soe Klein - tsjin de ôfspraken yn - filme wêze. De Britsumer soe dêr meardere kearen wat fan sein hawwe, mar it filmjen gie troch. Dêrnei soe Klein in 'driigjende beweging' nei de kamera makke hawwe.
De kamerafrou tsjinne in klacht yn en de plysje die ûndersyk nei de kwestje. Yntusken leit de saak by it Sweedske Iepenbier Ministearje. Songfestivalorganisator EBU pakte de saak heech op. De organisaasje hantearret in zero-tolerancebelied en seit de feilichheid fan syn meiwurkers hiel wichtich te finen. Dêrom waard Klein út de kompetysje helle.
Yn juny folget der in beslút oer eventuele ferfolging fan Klein.
Songfestivalbaas Martin Österdahl © ANP
In soad fans fan it ferskesevenemint wienen it net iens mei dat beslút. Songfestivalbaas Martin Österdahl moast it yn de liveútstjoering ûntlije. Eltse kear as hy yn byld kaam, waard hy úthune troch it publyk yn de seal.
Dat barde ûnder mear doe't hy de Nederlânske sjuerypunten fertelle moast, om't Nikkie de Jager har weromlutsen hie as punteferdielster. Se soe dat út Ljouwert wei dwaan, mar troch dy beslissing wie de Fryske haadstêd úteinlik net te sjen.
Publyk by de Europaparty, dy't wol trochgie, mar net yn de útstjoering te sjen wie © Omrop Fryslân
Op ynternet binne guon fans ek lilk dat Israel wol meidwaan mocht. Dat giet yn in soad gefallen net iens perfoarst om de rol fan it lân yn it konflikt yn Gaza, mar benammen oer de hâlding fan de delegaasje efter de skermen.
Dy soe artysten fan meardere lannen lestich fallen hawwe. In stilist fan de Israelyske delegaasje waard dêrop út de arena ferwidere, mar it lân mocht noch wol meidwaan oan de finale. Eden Golan waard úteinlik fiifde mei 'Hurricane'.
Nettsjinsteande de diskwalifikaasje is 'Europapa' yn hiel Europa in hit. Yn in protte lannen stiet it ferske yn de offisjele hitlisten, faak heger as de Switserske winner.
Ek oare ferskes fan Klein begjinne yn guon lannen te skoaren. Sa steane de ferskes 'Friesenjung', 'Ome Robert', 'Wachtmuziek' en 'Droom groot' yn de top-100 fan Litouwen. Fierder docht it album 'Fryslân' it ek goed mei in twadde plak yn de albumlist fan dat lân.
Joost Klein is populêr yn Litouwen © EBU/Eurovision, Sarah Louise Bennett
As Klein op it lêste momint wol oan de Songfestivalfinale meidien hie, dan hie hy it festival trouwens net wûn. De sjuerys hawwe 'Europapa' wol beoardiele en hienen 58 punten oer foar it ferske.
Ek al hie Nederlân de maksimumskoare fan it publyk krigen, dan noch hie dat net genôch west om winner Switserlân yn te heljen. In plak yn de top-10 like wol sa goed as wis.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.