"It is echt hiel raffinearre wat dy lju dogge. Se lûke der oeren foar út", seit plysjeman Femme Haakma
by RTV NOF oer helpdeskfraude. Hy is digitaal wykplysje en wurket in protte online. Yn syn gemeente sjocht er normaalwei inkelde gefallen fan helpdeskfraude yn de moanne, mar yn febrewaris wiene it der fjirttjin.
"Mei it oanhâlden fan in trijetal fertochten is it op dit stuit stil, mar wy bliuwe wach", seit er. Haakma riedt minsken oan dat ek te wêzen. "Der sit in grut tonielstik omhinne, minsken fersjogge harren dêr op. Dy lju witte echt hiel goed wêr't se mei dwaande binne en nimme der samar meardere oeren de tiid foar."