Winterswimmen jout Lysbeth de Jong yn Sweden in kick: "Komst waarm út it kâlde wetter"

Lysbeth de Jong yn in marke © Lysbeth de Jong
'Winterbadderje', sa neamt Lysbeth de Jong (30) fan Warkum dy't no yn Sweden wennet, har leafhawwerij. Se mei it graach dwaan, want swimmen yn it bûtenwetter is goed foar lea en geast, ek as it kâld is.
Swimme yn iepen wetter docht se yn Sweden mei in groepke Nederlanners dêr't ek Friezen by sitte. Lysbeth. "Komst waarm út it kâlde wetter wei. It jout echt in kick."
Lysbeth wurket by it grutste sky-resort fan Súd-Sweden, Isaberg. Dêr kinne allegearre bûtendoarsporten dien wurde. Yn de winter kinst dêr skye en yn de simmer mountainbike, klimme en kanofarre.
Se wennet yn Hestra. In moaie omjouwing, fynt se. "It is perfekt hjir." It skyseizoen is no foarby.
Yn jannewaris 2023 is se ferhuze nei Sweden. De baan by Isaberg hie se doe al op de kuer. In freon fan har koe dêr ien. Hy hat har holpen it kontakt te lizzen.
In moanne nei har ferhuzing seach se de advertinsje. Dat wie foar har oanlieding om fuortendaliks yn aksje te kommen. "Ik bin derhinne gien en de oare deis koe ik begjinne."

Liftfamke

Se is begûn as liftfamke. Minsken helpe by de skyliften. De simmer dêrnei siet se yn de skjinmak en no wurket se yn de saneamde Driftengroep. Dy jout earste help, medysk en ek technysk. Yn de winter helpe se bygelyks as der wat mis is mei de sniescooters en yn de simmer mei de mountainbikes.
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Lysbeth har ferhuzing nei Sweden kaam troch in metalkonsert. Yn de covidtiid wiene konserten yn Nederlân ferbean fanwege besmettingsgefaar. "Doe tocht ik: hoe leuk is it om nei Sweden te gean foar in wykeintsje om foar in pear oeren by in konsert te wêzen?"
Hjir fielde ik my foar it earst thús yn myn eigen lichem.
Lysbeth de Jong
De earste kear yn Sweden makke bot yndruk op har. "Dat gefoel kin ik net omskriuwe. Ik wist net wat der mei my barde. Yn Nederlân wennet myn famylje, mar eins fielde ik my hjir foar it earst thús yn myn eigen lichem. Dat woe ik ûndersykje."
De lift stiet stil, want it skyseizoen is foarby © Lysbeth de Jong
Har wurk yn Warkum hold op, want de saak waard ferkocht. Dat wie foar har dé kâns om it yn Sweden te besykjen.
"Om myn famylje gerêst te stellen, sei ik sei dat it foar in jier wie. Mar ik wist wol dat ik langer bliuwe woe."
Omdatst noait witst hoe't it rint, hâlde se har hûs yn Warkum foarearst foar in jier oan.
Sinneûndergong © Lysbeth de Jong
De famyljeleden wiene net allegearre like bliid mei Lysbeth har ferhuzing. "Mar se kenne my. Se witte dat ik fan nije dingen en útdagings hâld. Ik bin altyd krekt in bytsje oars", laket se.
En oan de ein fan de earste simmer wie it har wol dúdlik: se woe yn Sweden bliuwe. Op 2 jannewaris wenne se no in jier yn it lân.
Heit en mem fûnen it it dreechst, tinkt se. Doe't har âlden yn Sweden delkamen en seagen se dat Lysbeth te'n goede feroare wie, wie it goed. "En no komme se hjir mei alle wille op fakânsje."
Mist se Fryslân? Famylje en freonen wol, mar kinst fansels altyd byldbelje. Boppedat giet de tiid sa hurd - en gean se geregeld byinoar del - dat it mei dat 'missen fan Fryslân' wol wat tafalt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.