Kwart fan it MSC Zoe-ôffal bliuwt yn see lizzen om’t it 'swalkôffal' foar it Ryk is

Ek winterjassen wurde fan de seeboaiem opfiske © Omrop Fryslân
Der leit noch sa'n 800.000 kilo ôffal yn see troch de kontenerramp mei de MSC Zoe. Om't de oerheid it bestimpele hat as 'swalkôffal', wurdt it net mear opromme. "De Noordzee is een afvalhoop geworden."
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it frachtskip MSC Zoe 342 konteners benoarden de Waadeilannen. It is ien fan de grutste ekologyske rampen dy't we ea yn Nederlân meimakke ha.
Ek al binne de strannen yntusken sa goed as opromme, ûnder wetter leit der, no fiif jier letter, noch 800.000 kilo ôffal.
Stadichoan fergiet it en dêrtroch sil it in ûneinich tal mikroplestiks yn it miljeu bringe. De skea dy't dat oan de natuer tabringt, is net te oersjen.
It hiele ferhaal is te sjen yn de dokumintêre 'Waddenzooi'. Klik hjir foar diel 1, sjoch hjirûnder nei diel 2:
Cynthia Borras fan Natuurmonumenten wie belutsen by de grutte skjinmakaksjes fan de strannen. "Als je er bent, zie je pas wat er aanspoelt. Dan schrik je: dat plastic dat gaat nooit weg. Het wordt kleiner en kleiner en dus ook steeds moeilijker om op te ruimen."

In folsleine hyskraan

Yn it inisjatyf CleanUpXL lûke ferskate partijen mei-inoar op om it ôffal op te romjen dat yn see bedarre. Ellen Kuipers fan de Waadferiening is dêr ek by belutsen.
"Er is 3,2 miljoen kilo rommel in zee terechtgekomen. Daarvan is er nog 800.000 kilo blijven liggen."
It giet ûnder oare om fleecetekkens, dûnsjassen, drûchrekken en koplampen fan frachtweinen. "Het top-item dat we naar boven hebben gehaald is een complete hijskraan."
Dit wykein is it twadde part fan de FryslânDOK 'Waddenzooi' te sjen op telefyzje. Sneon 27 jannewaris om 15.30 oere op NPO2 en snein 28 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. It earste part is werom te sjen op de webside fan Omrop Fryslân.
Dochs wurdt der út de oerheid wei gjin aksje mear ûndernaam om dizze 800.000 kilo ôffal út see te fiskjen. De oerheid hat it ôffal nammentlik bestimpele as 'swalkôffal' en dêrmei ferfalt de ynspanningsferplichting om it ôffal op te romjen.
"De minister heeft gezegd: het zoeken naar afval van de MSC Zoe kost te veel diesel. Die CO2-uitstoot is erger dan de 800.000 kilo rommel die nog in zee ligt", seit Ellen Kuipers. "Maar dit gaat natuurlijk tegen alles in waar wij voor staan."
Dûkers sammelje ôffal by CleanUpXL © Omrop Fryslân
Yn ûndjippe gebieten ferdwûn yn fiif jier tiid in soad ôffal ûnder it sân. Fiskers hiene dat graach fuortendaalks nei de ramp opfiskje wollen. Mar krekt yn dizze ûndjippe beskerme gebieten, jildt in ferbod foar fiskers om te kommen.
Yntusken is it ek te let om it ôffal noch op te romjen. Want troch dy laach sân, slagget dat net mear.

De reder

Hat de reder MSC dan gjin ferplichting om it ôffal op te romjen, kinst dy ôffreegje.
"It ministearje hat in oerienkomst sletten mei de reder", lit Anne van der Meer fan Rykswettersteat witte. "De reder hat it ôfkocht. It is no dus swalkôffal, dat betsjut dat der net aktyf nei socht wurde sil."

See wurdt in ôffalberch

Ellen Kuipers fynt it ûnbegryplik. "Zwerfafval in de berm wordt ook opgeruimd door Rijkswaterstaat. Ondertussen is ons UNESCO-werelderfgoed aan het veranderen in een afvalberg. Ja, het is een stuk lastiger om deze afval op te ruimen. Maar de inspanningsverplichting zou moeten veranderen naar een resultaatverplichting."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.