Nij guod fan de kontenerramp bedarre sûnder nei te tinken yn 'e ferbrâningsoven

Militêren en frijwilligers holpen om de strannen op te romjen
Militêren en frijwilligers holpen om de strannen op te romjen © Omrop Fryslân
It measte guod dat oanspielde op de strannen troch de kontenerramp mei de MSC Zoe yn 2019 is as restôffal yn de ferbrâningsoven bedarre. Dat wylst in soad guod noch sa goed as nij wie.
Dat lit it FryslânDOK-twalûk 'Waddenzooi' sjen, wêrfan't it earste diel dit wykein útstjoerd wurdt.
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it frachtskip MSC Zoe 342 konteners benoarden de Waadeilannen. It is ien fan de grutste ekologyske rampen dy't wy ea yn Nederlân meimakke hawwe.
Konteners fol konsuminteguod spielden oan op de strannen fan de Waadeilannen en de kuststripe fan Fryslân en Grins.
Chris Talsma is leanwurker en hy wie der al fluch by op Skiermûntseach doe't it earste guod oanspielde: "Stoelen, krukjes, compressors, je kunt het zo gek niet bedenken of het lag op het strand."
It jutten heart der ek wol wat by op in eilân. "Op een gegeven moment kwamen er mooie houten stoelen langs. Dus de compressor eruit en ruimte maken voor de stoelen. Er lag zoveel, we moesten keuzes maken."
Dit wykein is it earste diel fan de FryslânDOK 'Waddenzooi' te besjen op telefyzje. Sneon 20 jannewaris om 15.30 oere by NPO2 en snein 21 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân. In wike letter is it twadde diel te besjen.
It besef dat him in ekologyske ramp syn beslach krigen hie, wie der earst noch net by de jutters. Mar doe't mear en mear bliken die dat it hiele eilân fol lei mei guod, hawwe de jutters har ek manmachtich ynset om de strannen wer op te romjen.

In healjier oan hússmoargens

Allinnich al op Skiermûntseach spielde 266.000 kilo oan rommel oan: dat is like folle as in healjier oan hússmoargens fan it hiele eilân.
Jutters by in kontener dy't oanspielde op Skiermûntseach
Jutters by in kontener dy't oanspielde op Skiermûntseach © Omrop Fryslân
André Borsch is berger en seach op de telefyzje wat der oan de hân wie. "Op een gegeven moment hebben we een de bel getrokken. Moeten we hier wat mee? Toen zijn we zowel met mensen op de dijken als met schepen de Waddenzee opgegaan. We vonden een geweldige hoeveelheid van Den Helder tot Delfzijl aan toe."
As berger wist André Borsch hoe't hy it guod sa goed as mooglik op 'e nij brûke moast. "Wij hadden 900.000 kilo aan vuil. Dat hebben we tot de laatste korrel zand uitgezocht. Maar we merkten dat recyclers met elkaar spreken."

Recycling

Sa hie Borsch bygelyks in grutte bult mei printplaten dy't allegearre útsocht wiene om recycle te wurden. "Maar op een gegeven moment moesten we er gewoon voor betalen."
It gefolch hjirfan wie dat it meastepart yn Harns de ferbrâningsoven yn gien is. "Soms noem ik het wel eens de groene leugen", sa seit Borsch. "Er gaat heel veel op de bult."
Jutter Theun Talsma by in bult ôffal op Skiermûntseach
Jutter Theun Talsma by in bult ôffal op Skiermûntseach © Omrop Fryslân
De jutters kinne der ek net by dat der sa'n soad guod yn de ûnen ferdwûn is. Harm Carrette hat by it jutten nije tekkens meinommen.
"Het zijn prachtige dekens. Die waren vacuüm getrokken, dus er mankeerde niks aan. Je had hier een weeshuis mee kunnen vullen en wel meer."