Yn Dokkum ûntdutsen foto-album werom yn Westerbork: "Dat heart hjir"
Goed 85 jier letter kearde in bysûnder foto-album werom nei Westerbork. De foto's waarden troch in kringloopwinkel yn Dokkum fûn en finer Jappie Wiersma brocht it album tongersdei nei Drinte.
Yn it boek binne foto's plakt fan de opbou fan Kamp Westerbork, sa tusken 1938-1940. Direkteur Bertien Minco fan it hjoeddeiske Herinneringscentrum Kamp Westerbork is optein mei de ûntdekking.
"Het is heel bijzonder dat een album nu opduikt, wij kenden wel een paar van deze albums. Er zijn er een paar in omloop en die hebben we in onze collectie. Wat het bijzondere aan dit fotoalbum is, is dat er foto's in zitten die wij helemaal niet kenden."
Foar Jappie Wiersma is it werombringen fan it album nei it plak dêr't de foto's makke binne tige bysûnder. "It is wat spesjaals, hè. It is al hartstikkene moai dat je dit fine en dat it net weismiten is", seit er.
Kringloopwinkel De Fûgelpits ûntrommet wol huzen, dêrby waard dit album fûn. "Foar ús as oprommers fan wenten hiel belangryk dat je dêr om tinke."
Litte we earlik wêze: it fotoboek moat hjir moai bliuwe, dat heart hjir.
Wiersma hat each foar de histoaryske wearde. "Litte we earlik wêze: it fotoboek moat hjir moai bliuwe, dat heart hjir. Sa kinne mear minsken it besjen en bliuwt it hjir bewarre. As wy der aanst net mear binne, dat bern fan ús hjir dan komme en sjogge: o ja, dat hat ús heit fûn! Dat is moai."
Skiednis werom te finen
Yn Westerbork binne ferskate dingen fan de âlde foto's noch werom te finen. Lykas it hûs fan de kampkommandant. Mei konservator Guido Abuys die Wiersma in rûntsje troch Westerbork.
"Je ziet dat het stukje aanbouw aan de linkerzijkant er pas na de oorlog tegenaan is gebouwd", leit Abuys út. Ek de synagoge en it tsjettelhûs binne goed te sjen. "We hebben een andere foto van het ketelhuis, maar dat het zo immens groot was, dat is nu pas echt duidelijk geworden dankzij deze nieuwe foto's."
It plak dêr't it heart
It werinneringssintrum is mar wat bliid mei de fynst. "Daardoor blijft het tastbaar en daarnaast is het ook een soort van bewijsmateriaal", fertelt Minco.
"Dat vind ik zo mooi: dat Jappie Wiersma het heeft opgemerkt en dat hij meteen begreep dat dit iets bijzonders is. Dat ga ik niet maar gewoon verkopen in de kringloopwinkel, maar dat ga ik naar de plek brengen waar het hoort: Kamp Westerbork."