Resinsje Ynblaze fan Tryater: "Blaasmuzyk as terapy"

© Omrop Fryslân

Mei de foarstelling Ynblaze lit Tryater sjen hoe wichtich oft de HaFaBra-muzyk noch hieltyd is foar Fryslân. Net allinnich fanwege de fleur en ferdivedaasje, mar boppe-al as ynstrumint dat in hiele mienskip ferbine kin.

De krêft fan it muzykmeitsjen mei-elkoar. En it dielen fan wille en blydskip as ek de soargen en fertriet. It korps as terapy. De muzyk as partituer fan it libben.

Dy boadskip waard it publyk yn it doarpshûs fan Weidum ôfrûne sneon wol dúdlik. En it like earst sa'n gewoane repetysjejûn fan it fanfarekorps, dêr't je as taskôger tafallich tsjûge fan binne. It waard folle mear...

Noch gau in bakje salade foar't de repetysje fan it korps úteinset © Lucas Kemper

Want as de leden fan Harmonie ien foar ien binnendrippelje, komme al gau de persoanlike ferhalen los. Foar it fuotljocht brocht troch Carmen, in jonge frou dy't al jierren saksofoan spilet yn it korps. Prachtich ynbannich en dochs meislepend spile troch Brecht Wassenaar.

De aktrise is sels grut wurden yn de fanfarekultuer en dat is te merkbiten. Se oertsjûget as famke dat troch heit meinommen waard nei it korps. In famyljetradysje dy't net ferbrutsen wurde mocht. Goed- of kweaskiks. Carmen wit it publyk mei te nimmen yn dy wûnderlike wrâld fan de 'blaasmuzyk'.

Karakters

Moai om te sjen hoe't de korpsleden har dan klearmeitsje foar de eigentlike repetysje. Hoe't de ynstruminten ynblaasd wurde, de partitueren op de muzykstanders set en sels hjir en dêr de nedige embouchure-oefeningen net oerslein wurde. En hoe echt as Carmen noch eefkes gau in bakje salade - want drok drok fansels - nei binnen wurket, wylst se it publyk dielgenoat makket fan it grut ferskaat oan karakters dat it korps ryk is...

Leafst sân korpsen wurkje mei oan Ynblaze. Hjir de Weidumer Harmonie yn aksje û.l.f Ria Fennema © Henk te Biesebeek

Sa "is der ien" dy't alle kearen 65 kilometer ride moat en nea te let komt. In oar, dy't op in ôfstân fan krekt hûndert meter wennet, komt lykwols altyd te let. Der 'is ek ien' dy't nea wat seit en elkenien fynt dat bêst. Mar der wie okkerdeis ek ien dy't oars altyd laket, mar samar ynienen gûle moast. En nimmen wist wêrom.

En dan is der noch ien dy't eins it ledejild net betelje kin. Dat wurdt troch immen oars betelle, mar nimmen wit krekt troch wa. Werkenber. It korps as mienskip binnen de mienskip.

Talint

En wylst Carmen har ferhaal docht, is op de eftergrûn it korps mei spyljen begûn. Under lieding fan Ria Fennema, dy't al alve jier it stokje yn 'e hannen hat fan de Weidumer Harmonie. In fanfarekorps dat al 125 jier bestiet en harsels dus net mear hoecht te bewizen.

Ek dizze jûn wurdt op nivo spile en witte de waarme koperklanken it publyk gauris yn it hert te reitsjen. Tuskentroch fungearje de muzikanten boppedat ek noch as akteur. En dogge dat hiel kreas. Kompleminten wat dat oanbelanget foar dirigint Fennema. Je freegje je as taskôger suver ôf oft se net spesjaal foar dizze jûn ynhierd is fanwege har poadiumtalint. Top.

Brecht Wassenaar as Carmen yn Ynblaze © Lucas Kemper

It makket al mei al de hiele foarstelling ta in oangename jûn fol moaie mominten. Sels mei in tikje emoasje as Carmen fertelt oer har eigen frustraasjes en swierrichheden. Dat har freon John-Douwe harren relaasje ferbrutsen hat en se eins hielendal gjin nocht mear hat oan dizze repetysjejûnen. Eins soe se folle leaver hurdrinne as wat ferplicht op har saksofoan te toeterjen.

Moai hoe't de muzikanten mei har ynstruminten dan in lûdsdekôr fan in benearjende wyn produsearje en sa muzyk en toanielspul prachtich bymekoar bringe.

Terapy

Hearlik hoe't dyselde muzyk, dit kear mei in wurk fan Ludwig van Beethoven, Carmen de nedige treast jout. Hast terapeutysk wurket: as 'in hân op it skouder' as it libben eefkes tsjinsit. Want mei-elkoar muzyk meitsje is wêr't it om giet. Mei-elkoar. Dat mei net ferdwine. "Dus bliuwe we blazen. En salang we blaze, sil it duorje." En bliuwt de fanfare oerein. No sa.

Blaze sille we. Hjir mei muzikale gearwurking fan fanfare Wilhelmina út Easterein © Lucas Kemper

Ynblaze is it earste diel fan in trijelûk oer de HaFaBra-muzyk yn Fryslân, dat Tryater dit seizoen op it programma hat. In produksje yn gearwurking mei leafst sân ferskillende Fryske korpsen.

Yn it twadde diel Thúsblaze, dat spile wurde sil yn ferskate húskeamers troch de hiele provinsje hinne, komt it publyk yn 'e kunde mei de oare personaazjes út de slotfoarstelling, dy't kommende simmer as iepenloftspul spile wurde sil yn Easterlittens.

Bewûndering

Tryater hat mei Ynblaze yn alle gefallen in 'fertederjende opmaat' jûn fan it grutte wurk dat noch folgje sil. Sûnder mis dan mei mear djipgong oer bygelyks it besteansrjocht fan de fanfare en de gefaren dy't driigje. Ommers ek de takomst fan dit stikje Fryske kultuer wankelet, no't de doarpsjongerein hieltyd mear kiest foar oare saken as de korps-tradysje. Dy problemen komme yn Ynblaze net oan 'e oarder.

De klam leit hjir benammen op de funksje en betsjutting fan de fanfare yn in doarpsmienskip. De ienichheid dy't ûntstiet as de muzyk mei-elkoar spile wurdt. Mar twingt nettsjinsteande as foarstelling bewûndering ôf tanksij it meinimmende aktearjen fan Brecht Wassenaar. En de treflik spile muzyk fan dizze kear de Weidumer Harmonie. Under oaren op de klanken fan Queen yn koper-útfiering: the show must go on!

Want blaze sille we. En salang we blaze, sil it duorje! Carmen is der wis fan. Lokkich mar, want Ynblaze smakket nei mear!

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.