"Noch ien ketser fan Noppert en dan moat Van der Hart deryn"

© Omrop Fryslân
De malêze dêr't sc Hearrenfean op it stuit yn sit, komt mei trochdat Andries Noppert syn nivo net hellet. It geduld fan sportferslachjouwer Roelof de Vries mei Noppert rekket op, sa seit er yn de Sportcast.
Der waard ôfrûne sneon mei 1-0 ferlern fan FC Twente. In skot fan Michel Vlap blykte ûnhâldber te wêzen foar Noppert, ek al sei Vlap nei ôfrin dat hy it gjin flater fûn. Hearrenfeanfan Wim Anker fûn dat wol. "De Noppert fan ferline jier hie him hân, mar dat hat er net mear. En dochs moat er sneon gewoan wer fuotbalje."

Minne sifers

Dêr is sportferslachjouwer Roelof de Vries it net mei iens. Dat komt mei troch de statistiken dy't er sjoen hat oer Noppert. "Syn persintaazje rêdings is 54,1. Dêrmei is er de nûmer 16 fan de earedivyzje. Dat binne hiel minne sifers", fynt De Vries.
"It binne op dit stuit te folle ketsers. Noch ien ketser en dan moat Mickey van der Hart deryn", seit De Vries. Van der Hart is de twadde keeper. Sportferslachjouwer Arjen de Boer sjocht dat net barren. "Je witte wat Van der Hart yn 'e hûs hat: dat wie ferline jier sa'n minne keeper by FC Emmen."
Sportferslachjouwer Andor Faber tinkt ek net dat Noppert derút helle wurdt by in folgjende blunder. "De status fan Noppert is dêrfoar gewoan te grut."
Pascal Bosschaart wie fan 2019 ôf oant ôfrûne simmer assistint-trainer by SC Cambuur. Hy stiet no ûnder kontrakt by Feyenoord, dat him detasjearre hat by FC Dordrecht. Dêr is er assistint fan haadtrainer Michele Santoni. "Ik mis Cambuur zeker", fertelt de 43-jierrige fuotbaltrainer.
Wat mist er dan krekt? "Ik mis het trainen op een bepaald niveau. Ik heb er prachtige jaren gehad, maar ik heb het ook hier bij Dordrecht prima naar mijn zin. En ook hier probeer ik de boel een beetje op de rit te krijgen en omhoog te kijken", seit Bosschaart.

"Slecht verdedigen"

Freed is Bosschaart mei Dordrecht de tsjinstanner fan SC Cambuur. Hy hat syn âlde ploech al analysearre. "Dat het niet het Cambuur is dat ik zelf ken, is wel duidelijk. Ze hebben een hoop spelers laten gaan en een nieuw elftal, dus dat heeft tijd nodig."
Yn Ljouwert is it sentimint ûnder de fans dat der net altyd likegoed ferdigene wurdt. Dat herkent Bosschaart wol. "Ze krijgen ongelukkige goals tegen, waarbij ze slecht verdedigen. En wat opvalt is het aantal hoekschoppen dat ze tegen krijgen. Voor Cambuur zijnde is dat niet heel best."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.