Doelman sc Hearrenfean: "Sechstjin tsjindoelpunten is Noppert-ûnweardich"
It is net de bêste perioade út de karriêre fan Hearrenfean-doelman Andries Noppert. De man dy't op it ôfrûne WK yn Katar noch de earste keeper fan it Nederlânsk alvetal wie, krige dit seizoen al sechstjin doelpunten om 'e earen. "It giet net altiten oer roazen."
Andries Noppert is Andries Noppert net mear. Doe't de Jouster de oerstap fan Go Ahead Eagles nei Hearrenfean makke, wie de doelman hast net te passearjen. De 2 meter 3 lange Noppert groeide út ta in kultheld fan Oranje by it WK. Mar no is alles oars.
De kompetysje is noch mar seis wedstriden ûnderweis en de ballen fleane Noppert oan alle kanten foarby. Noppert: "Sechstjin tsjindoelpunten nei seis wedstriden, dat is Hearrenfean-ûnweardich, mar wy moatte net yn de put sitte."
Noppert kin net goed de finger op de situaasje lizze wêrom't hy safolle ballen trochlit. "Elkenien kin sjen dat it no wat minder giet en dêr reitsje ik ek frustrearre oer. Earst pakke je hast alle ballen en no tinke je: ferdomme dêr hie ik wat oars dwaan moatten. De fuotballerij giet net altiten oer roazen. Hjir moatte je gewoan trochhinne."
De karriêre fan de 'Tower fan De Jouwer' lêst as in jongesboek. Syn donkerste perioade belibbe hy by Dordrecht yn de earste divyzje. Hy keepte dêr twa wedstriden wêrnei't er lang blessearre rekke. Noppert gie dêrnei transferfrij nei Go Ahead Eagles.
Yn syn earste jier yn Deventer keepte hy gjin inkelde wedstriid, mar nei de promoasje krige Noppert de lêste fyftjin wedstriden in basisplak. It smiet him úteinlik in transfer op nei sc Hearrenfean. Ofrûne winter wie hy de earste doelman fan Oranje en stie hy yn de kwartfinale tsjin Argentinië.
It kin hurd gean; fan earste doelman op it heechste poadium fan de wrâld, nei 3-0 ferlieze yn eigen hûs tsjin Excelsior. De earste wedstriden fan dit seizoen makke Noppert net in hiel betroubere yndruk, guon tinke dat Noppert it keepen ferleard is.
Noppert : "As minsken dat sizze, freegje ik my ôf oft se der wol ferstân fan hawwe. At je it ien kear sjen litten ha op in heech nivo, dan witte je dat it deryn sit. Dan kinne se roppe dat ik in 'one day fly' bin. Prima, ik haw de ûnderkant alris sjoen en wol it sa gau mooglik omdraaie. Want lit dúdlik wêze dat dizze situaasje my ek enoarm frustrearret."
FC Twente
Nei fjouwer ferliespartijen op rige spilet Hearrenfean sneontejûn yn de Grolsch Veste tsjin FC Twente. De Tukkers steane op it tredde plak en meitsje yndruk mei goed fuotbal.
"Wy snakke nei in goed resultaat en it hoecht ek net tiki-takafuotbal te wêzen", seit Noppert "It makket my gjin reet út hoe, as ik de wedstriid mar win, as wy him mar winne."
De wedstriid FC Twente - sc Hearrenfean begjint sneontejûn om 21.00 oere yn de Grolsch Veste en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Noppert is troch bûnscoach Ronald Koeman opnommen yn de foarseleksje fan Oranje. De oare doelmannen binne Mark Flekken (Brentford), Bart Verbruggen (Brighton) en debutant Nick Olij fan Sparta. Mar as sjochst nei de foarm wêryn't Noppert no sit, moat hy bang wêze foar syn plak by Oranje.
"Uteinlik is it hiel ienfâldich", leit Noppert út. "As je prestearje, wurde je oproppen. Dogge je dat net, dan bart dat net."
Op 13 oktober spilet Oranje thús tsjin Frankryk, trije dagen letter stiet de útwedstriid tsjin Grikelân op it programma. Yn beide gefallen giet it om kwalifikaasjewedstriden foar it EK.