322-squadron fiert jubileumfeest, mar mist noch ien: Jan Plesman
"Niet praten, maar doen." It is al goed 80 jier it motto fan it 322-squadron fan de fleanbasis Ljouwert. Freed fiere se har jubileum mei in lytse loftsjo. It is allinnich in jubileum mei in swart rântsje: Ien fleaner wurdt al hast sûnt de oprjochting fermist.
It giet om Jan Leendert Plesman. Hy wie in Ingelânfarder en waard nei de oprjochting by it squadron yndield. By in misje boppe it grinsgebiet fan Frankryk en België stoarte er del. Der is nea wat fan him of syn tastel weromfûn.
Noch geregeld gean leden fan it squadron deropút. "Dan krijgen wij een tip van bijvoorbeeld een boer dat er wrakstukken gevonden zijn", seit overste Pascal Smaal, de kommandant fan it squadron.
"We hebben al vaak de situatie gehad dat we dachten dat er wat gevonden was maar dan bleken het wrakstukken te zijn van Canadese of Duitse toestellen. Er is daar hard gevochten."
Net opjaan
Opjaan dogge se net. "We zijn in nauw contact met de familieleden. Het is voor de familieleden van heel groot belang dat hij gevonden wordt. Dat dat laatste puzzelstuk gelegd kan worden."
It jubileum wurdt gruts fierd. Alle âld-leden fan it squadron binne útnûge, 1200 manlju en froulju. "Dat gaat om iedereen die bij het squadron heeft gewerkt. Van techneut tot vlieger", seit Smaal.
Hy is grutsk op it jubileum: "Je merkt echt in trotse sfeer binne dit squdron. Dat we al 80 jaar bezig zijn met inzet, het verdedigen van de vrijheid. Van de Tweede Wereldoorlog tot nu, met alle uitzendingen. Prachtig om te vieren dat we 80 jaar oud zijn, het oudste van de Nederlandse luchtmacht."
Sa âld it squadron is, sa lang is ek de grize readsturtpapegaai de maskotte. "Het is Polly de vijfde", seit Smaal. Yn de oarloch brocht in fleaner de papegaai mei út Londen. It waard de maskotte en ek ferwurke yn it embleem dat op de tastellen stiet. "Vanaf de oprichting is dit de vijfde. Ze worden echt oud."
Polly V kaam yn 1989 by it squadron. Yn tsjinstelling ta de manskippen bliuwt de fûgel altyd op de thúsbasis Ljouwert.