KNRM Hylpen ropt op: kitesurfers, set gegevens op dyn materiaal

Kitesurfers by it Murnzer Klif © ANP
De KNRM wurdt geregeld oproppen foar in melding fan kitesurfmateriaal dêr't gjin surfer mear by oanwêzich is. KNRM Hylpen fart sa'n tsien kear it jier út foar in kitesurfer yn need. Om foar te kommen dat it allinnich giet om achterlittem guod, docht de organisaasje in oprop.
It barde ferline wike noch yn Súd-Hollân. Der wie surfmateriaal fûn en minsken tochten it slimste. Aldergeloks falt it faak ta, mar de KNRM docht dochs in oprop oan surfers.
Skipper Dirk Klinkenberg fan KNRM Hylpen werhellet dy oprop nochris: "Markearje dyn materiaal. Set der in namme en telefoannûmer op. By de KNRM kinst dêr sels in fergeze sticker foar krije, mar it kin ek mei in stift. Sa kin eltsenien checke oft je mist wurde. En it twadde is: hasto materiaal ferlern, meld it dan by de Kustwacht."

Utfarre om 'e nocht

De helptsjinst yn Hylpen hat genôch foarbylden fan situaasjes wêrby't de eigener fan it kitesurfmateriaal dochs gjin problemen hie. "Dan kinne wy sûnder wat bedijd te hawwen werom. Dat fine wy op himsels net ferfelend, want leaver in kear tefolle alarmearre as te min."
Mar it is wol wat om 'e nocht, jout Klinkenberg ek ta. "It is ferfelend, want der wurde in soad minsken en materiaal ynset."
Dit jier barde it yn it wurkgebiet fan KNRM Hylpen ek al in kear. Oan de Hollânske kant fan de Iselmar spielde kiteguod oan. "As der gjin namme op stiet en nimmen melden hat dat it guod kwyt is, dan wurdt it in drege sykaksje foar ús. Wy geane der fanút dat ien mist is oant der melden is dat ien terjochte is."
Yntusken is der oerlis tusken koepelorganisaasjes fan kitesurfers, lokale klups en de KNRM om ôfspraken te meitsjen fia bygelyks WhatsApp-groepen of oare kommunikaasjesystemen.

Foarljochting

Ynstrukteur Jurjen Tinga fynt dat kitesurfers ek wat mear útlis krije moatte. "Fertel wat de risiko's binne mei ôfwaaiende wyn: want dat binne de situaasjes wêrby't soks bart." Tinga kin him wol fine yn de KNRM-oprop. "Stickers binne de maklikste opsje."
In ferplichte, persoanlike NFC-tag (Near Field Communication) yn it materiaal soe ek in opsje wêze kinne, tinkt hy. Mei dizze technology kin op in kontaktleaze wize ynformaasje útwiksele wurde.
Dirk Klinkenberg, skipper by KNRM Hylpen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.