Ein fan dit liveblog

Foar hjoed is dit de ein fan it liveblog. It frachtskip stiet noch altyd yn de brân en leit op dit stuit noardlik fan Skylge. De kustwacht hat sein dat it skip mooglik noch dagen oant wiken brâne kin.
Fansels hâlde wy de situaasje yn de gaten. Moarn binne updates wer op ús webside te lêzen.

Ambassade fan Yndia "djip bedroefd"

De ambassade seit ek yn kontakt te wêzen mei de oare ferwûne bemanningsleden. Dy soene feilich wêze en medyske behanneling krije.

Brânend skip leit no boppe Skylge

Neffens Marinetraffic, in platfoarm dat de posysje fan skippen folget, is de posysje fan it frachtskip de Fremantle Highway wat nei it westen ta ferskood.
It skip leit no noardlik fan Skylge.

Waadferiening: skip moat sa fier mooglik fan Waadsee weisleept wurde

Om de ympakt op de Waadsee sa lyts as mooglik te hâlden moat it frachtskip boppe It Amelân safier mooglik fan de Waadsee ôf sleept wurde. Dat seit de Waadferiening: "Rijkswaterstaat maakte daarvoor een ecologische weging om een mogelijke impact zo klein mogelijk te houden."
Neffens de feriening is der ek risiko op ympakt op de Noardsee mar soene de gefolgen dêrfoar lytser wêze.
Op dit stuit kin it skip lykwols noch net fersleept wurde, in ekstra line dy't dêrfoar nedich is, kin troch de hjitte fan de brân net fêstmakke wurde.
As it skip ferpleatst wurdt, sil dat rjochting it Noarden fan de Noardlike farrûte wêze. It krekte plak moat noch troch ekologen fan Rykswettersteat bepaald wurde.

Kustwacht: sjen wannear't ien oan board kin

It bestriden fan de brân oan board fan de Fremantle Highway is in drege put seit Kustwachtwurdfierder Denise Blok: "We kunnen het schip niet volpompen met water. Dat brengt stabiliteitsrisico's met zich mee. Daarom koelen wij het schip nu met zeewater."
Dat bart al sûnt de earste skippen te plak wienen. It is net dúdlik wat it resultaat dêrfan is seit Blok: "Dat is lastig te zien. Om de brand te blussen moet je mensen aan boord zetten. Dat moet wel veilig kunnen. We zijn nu aan het bekijken wat de risico's zijn en hoe het ervoor staat op het schip."
De Kustwacht hâldt der rekken mei dat it noch wol wiken duorje kin foar't de brân op de Fremantle Highway oer is. "Dat is een scenario waar we rekening mee houden", seit Blok. "We werken op dit moment samen met de bergers en Rijkswaterstaat aan een plan om de brand te bestrijden."

In oersjoch fan de dei oant no ta

Oaljebestridingsskip ûnderweis foar de wissichheid

In oaljebestridingsskip de Arca is ûnderweis nei it brânende frachtskip. Op dit stuit hat Rykswettersteat gjin oanwizing dat der in útstream fan skealike stoffen as oalje út it skip komt.
Dochs komt de Arca te plak foar it gefal dat dochs bart. De Arca kin mei syn 'veegarmen' eventuele oalje dy't frijkomt tsjinhâlde.
Edwin de Feijter fan Rykswettersteat seit dat it skip noch altyd stabyl leit. Om't it skip noch altyd brânt kin it net fersleept wurde. "Er worden al wel voorbereidingen gedaan door de bergers; mensen worden naar het schip toegebracht en vanuit de berger worden plannen gemaakt."
It skip soe lykwols noch brekke of sinke kinne. "Dat is een scenario waar we rekening mee houden. Daar zal de berger ook over nadenken wat er dan moet geworden. Het mooiste zou zijn dat hij stabiel is en boven water blijft."
Wêr't it skip hinne brocht wurde sil as it útbrând is, is noch ûnwis.

Fleanferbod boppe brânend skip

Der jildt in fleanferbod boppe it gebiet dêr't it brânende frachtskip leit, noardlik fan It Amelân, seit de Luchtverkeersleiding Nederland (LVNL). It giet om in tydlik ferbod, op fersyk fan de kustwacht.
Allinnich helpynstânsjes meie it gebiet yn. Der mei dus bygelyks wol in plysjehelikopter fleane.
In wurdfierder leit út dat sa'n ferbod altyd folget op fersyk fan ynstânsjes en betsjut dat bepaalde gebieten tydlik net tagonklik binne foar fleanferkear. As de LVNL dan in fersyk krijt fan in piloat dy't dêr fleane wol, wurdt dat net akseptearre.
De kustwacht die earder al de oprop om net yn it gebiet te fleanen, dat soe de helpferliening hinderje.

KNRM: rêdingsaksje om skipsbrân is frij útsûnderlik

© ANP
It is frij útsûnderlik dat de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) yn aksje komme moat fanwege in grut ynsidint op see. Dat seit in wurdfierder fan de rêdingsorganisaasje. By de brân, dy't woansdeitemiddei noch hieltyd net út is, hat de KNRM bemanningsleden dy't yn see sprongen rêden.
"Dit soort scheepsbranden komt we gelukkig niet veel tegen voor onze kust", seit in wurdfierder fan de KNRM. Neffens him komt dat ien kear yn de trije jier foar. "Over het algemeen zijn zeeschepen sterk en krachtig, er moet dus echt veel aan de hand zijn voordat je iemand van boord haalt."
De bemanningsleden dy't troch de KNRM út it wetter rêden binne, hawwe neffens de wurdfierder in soad gelok hân om't de rêdingsboaten yn de buert wiene. "In dit geval was de enige vluchtweg voor een paar mensen om in het water te springen. Het is anders levensgevaarlijk om dat te doen als de reddingsboten nog ver weg zijn. Je kan wegdrijven."
De meast foarkommende ynsidinten yn de hannelsfeart binne neffens de KNRM ûngelokken oan board of sike bemanningsleden dy't troch de KNRM fan it skip helle wurde moatte. Ek wurdt der faak om medyske assistinsje frege.

Fleantúch Kustwacht hat nije bylden makke

Slachtoffer is stoarn oan board KNRM-boat

It deadlike slachtoffer is stoarn oan board fan de rêdingsboat fan de KNRM Skiermûntseach. Dat seit Ger van Langen, foarsitter fan it KNRM-rêdingsstasjon op Skiermûntseach.
It hat in grutte ympakt hân op de bemanning fan de rêdingsboat en dêrom is der jûn in gearkomste op it eilân om nei te praten oer de rêdingsoperaasje fan fannacht.

'Brân op frachtskip by It Amelân kin noch dagen duorje'

De Nordic is it frachtskip oan it kuoljen © Kustwacht
De brân op it frachtskip by It Amelân kin noch wol dagen duorje. Dat seit de Kustwacht. Mei brânblusynstallaasjes kuolje de skippen Nordic út Dútslân en de Guardian fan de Kustwacht it frachtskip op dit stuit.
De Nordic wurdt letter op de dei ôflost troch de Fairplay 30, dy't ek ûnder Dútske flagge fart.

Fargeul wer frij tagonklik

De skipsfarrûte by it brânend skip boppe It Amelân is yntusken wer frij tagonklik. Dat meldt Rykswettersteat. "De rederij heeft een bergingsmaatschappij opdracht gegeven het brandende schip te bergen zodra dit mogelijk is."
Rykswettersteat hat yntusken in skip op lokaasje en hâldt ûnder oare tafersjoch op it bergjen.

Bemanning komt út Yndia

De folsleine bemanning fan it brânende frachtskip boppe It Amelân komt út Yndia. Dat meldt in wurdfierder fan de kustwacht.
Alle 23 bemanningsleden binne fan it brânende fartúch helle. Ien fan harren is ferstoarn en der binne meardere ferwûnen. It is net dúdlik hoe't sy deroan ta binne.
Sân bemanningsleden sprongen oerboard en waarden oppikt troch boaten, de rest waard mei helikopters fan de kustwacht fan board helle, melde de kustwacht earder.

'Bluswetter op skip fergruttet kâns op sinken'

It blussen fan de brân op it frachtskip stelt de bergers tagelyk foar in grut dilemma, skriuwt skipfeartfakblêd Schuttevaer. Sleepboat Guardian hâldt de sydkant fan it skip wiet, mar foarkaam wurdt dat it wetter yn it skip bedarret. Want dat soe de kâns op ynstabiliteit, fersmoarging en sinken fergrutsje.
De situaasje docht neffens Schuttevaer tinken oan de brân oan board fan de Felicity Ace ferline jier. Dat skip wie ek 200 meter lang en fleach yn 'e brân by de Azoren, yn de Atlantyske Oseaan. Nei goed twa wiken blussen sonk it skip, as gefolch fan al it bluswetter. Dêrtroch waard it skip ynstabyl en sloech it om.
De Kustwacht liket no te besykjen om net de brân te blussen, mar benammen it skip te kuoljen. Sinke soe in miljeuramp betsjutte, beslút Schuttevaer.

Loftbylden fan it brânende skip

"Een ongecontroleerde brand"

It bestriden fan de brân op it frachtskip Fremantle Highway © ANP
De brân op it skip is 'hiel kompleks' en dus dreech te bestriden. Dat seit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat. "Het schip staat bijna letterlijk roodgloeiend, het is een ongecontroleerde brand."
Op it stuit wurdt it frachtskip op syn plak holden troch in sleepboat. It doel is om it frachtskip letter nei in feiliger plak te slepen, want no leit it midden yn in fargeul.
Niemand wil dat dat scenario zich voltrekt.
Rykswettersteat oer it eventueel sinken fan it skip
It needsenario is as it skip sinkt. "Dat is nu nog niet aan de orde, maar we houden er wel rekening mee. Dan wordt het een enorme bergingsklus", seit De Feijter, ferwizend nei de hast 3.000 auto's oan board.
Wat dat foar it miljeu bestjutte soe, kin er noch net sizze. "Dat is afhankelijk van wat er in de auto's zit, hoe deze ramp zich ook ontwikkelt. Maar het is duidelijk dat niemand wil dat dat scenario zich voltrekt."
De kommende oeren sille Rykswettersteat, de Kustwacht en de berger de situaasje yn de gaten hâlde. "De ontwikkelingen volgen elkaar snel op, we moeten goed onze oren en ogen openhouden."

Amelanners nei it strân ta om skip te sjen

In protsje Amelanners binne nei it strân ta gien om te sjen oft se de brân op de Fremantle Highway sjen kinne. Dat seit Cinto Prosperi fan de VVV op it eilân. Letter kamen der ek toeristen.
"Het is natuurlijk een behoorlijke ramp", stelt Prosperi. By strânpaviljoen 't Strandhuys sjogge se út en troch ris ien op it strân dy't it skip siket. "Het regent nu ook, en er is veel bewolking. Je ziet nu weinig", heakket er ta.
Op camping Roosdunen op It Amelân spilet it ûngelok mei it skip kwa fakânsjestimming hast net by de gasten. "Nee, ik heb er geen concrete vragen over gekregen van gasten", seit in meiwurker fan de camping. De gasten folgje it fia ynternet wol. Der komt út en troch in gast nei de baly mei in wat algemienere opmerking: 'Zo zo, het is wat' of 'Wat heftig he'.

Nei ferwachting gjin Nederlânske famyljeleden by bemanning

Nei ferwachting ha de 23 bemanningsleden fan it frachtskip gjin of hast gjin famyljeleden yn Nederlân. Famylje dy't gjin kontakt krije kin mei in eventueel "betrokken familielid", kin kontakt opnimme mei de rederij Maripro. Dat seit de Veiligheidsregio Fryslân.
Maripro krijt letter hjoed in oersjoch fan it plak wêr't elk bemanningslid behannele wurdt.

Rykswettersteat set 'alles op alles' om miljeuskea te beheinen

Brân op de Fremantle Highway boppe It Amelân © Kustwacht
Rykswettersteat set "alles op alles om verdere milieuschade te beperken", lit de organisaasje witte wylst it frachtskip noardlik fan It Amelân noch hieltyd yn 'e brân stiet. De kustwacht sei earder al dat der in kâns is dat it skip sinkt. Dêrtroch kin in miljeuramp ûntstean.
Yntusken sjogge Rykswettersteat, de kustwacht en bergingsbedriuwen wat der barre moat as it skip burgen wurde moat. In wurdfierder stelde earder dat Rykswettersteat rekken hâldt mei ferskate senario's. Wat krekt barre sil is "afhankelijk van de staat van het schip en of de brand onder controle te krijgen is", sei de wurdfierder. "Momenteel drijft het schip nog en staat het in brand."

Slachtoffers yn fjouwer sikehûzen

Twa helikopters ha yn totaal sechstjin slachtoffers nei Groningen Airport Eelde brocht. Dy binne dêrnei nei sikehûzen fan Drachten, Grins en Emmen ta brocht.
De sân oare slachtoffers, ûnder wa it ferstoarne slachtoffer, kamen yn Lauwerseach oan wâl. Sy binne nei Nij Smellinghe (Drachten) en it MCL (Ljouwert) ta brocht.
De ferwûnen wurde behannele foar problemen mei sykheljen, brânwûnen en brutsen bonken.

Oprop Kustwacht

Blussen elektryske auto's freget om spesifike metoade

It blussen fan elektryske auto's is in drege put en freget in spesifike metoade. Dat seit Tom Hessels, adviseur enerzjy- en transportfeiligens by it Nederlands Instituut Publieke Veiligheid, yn reaksje op de brân op in frachtskip boppe It Amelân.
It Panameeske skip Fremantle Highway hat 2857 auto's oan board, wêrfan 25 elektryske auto's. Om middernacht hinne krigen de helptsjinsten in melding fan brân op it skip en op dit stuit is de brân noch net út.

Brânende batterij kin opnij ûntstekke

Neffens Hessels meitsje brânende batterijen fan elektryske weinen it dreech om it fjoer te bestriden. Dat komt omdat in brânende batterij opnij ûntstekke kin. "Dit herontsteken komt door de zogenaamde thermal runaway, een chemisch proces waarbij batterijcellen in het accupakket opwarmen", leit Hessels út. "Hierdoor worden andere cellen ook warm, waardoor ook deze in thermal runaway raken. De thermal runaway breidt zich op deze manier uit door het batterijpakket."
Dêr komt by dat dizze auto's sa boud binne dat wetter net by de batterij komme kin. "Als je door een plas water rijdt, wil je niet dat water de batterij in komt. Daarom is koeling van de batterijcellen van buitenaf zeer lastig." De iennige manier is dêrom om de batterij langduorjend ûnder te dompeljen yn wetter.
Hessels kin net yngean op de spesifike situaasje by It Amelân, mar seit dat by ditsoarte brannen it skipspersoniel en de brânwacht tige rap optrede kinne moatte, omdat de brân him rap ferspriede kin. Ek moatte se oer spesjalistyske feardichheden en ark beskikke. "Zodra het incident zich heeft uitgebreid en is geëscaleerd, zijn er op open zee nagenoeg geen mogelijkheden meer om de brand te onderdrukken", seit Hessels.

Bergingsboat leit needferbining mei frachtskip

In bergingsboat hat in needferbining mei it brânende frachtskip noardlik fan It Amelân lizze kinnen. Mei dy ferbining hâldt it bergingsskip Hunter it skip kontrolearre op in posysje, meldt de Kustwacht.
De needferbining is neffens in wurdfierder fan de kustwacht nedich om kontrôle te hâlden oer wêr't it skip hinne giet. "Het is stuurloos, er is niemand meer aan boord", seit de wurdfierder. Dêrby is it gefaarlik, omdat der noch brân oan board is.

Gjin solide ferbining

Der is foar in foar safier mooglik sa feilich mooglike lokaasje, tusken twa ferkearsbanen yn, keazen. Der wurdt boppedat besocht it skip frij te hâlden fan obstakels op see.
De needferbining is net hiel solide, seit de wurdfierder, mar it wie op dat stuit it iennige dat mooglik wie. De ferbining oan de efterkant fan it skip bliuwt yn alle gefallen oant in mooglik stevigere sleepferbining makke wurde kin.
We zetten alles op alles om dat te voorkomen.
Kustwacht oer it bedarjen fan floeistoffen yn it wetter
De Fremantle Highway stiet noch hieltyd yn de brân, sa seit de kustwacht, dy 't earder al oanjoech dat ien fan de mooglike senario's is dat it skip sinkt. Mei dat senario wurdt yn de tariedingen dy't no troffen wurde neffens de wurdfierder it measte rekken hâlden.
"Momenteel worden met meerdere partijen als bergingsbedrijven en Rijkswaterstaat bekeken wat de best mogelijke wijze is om de schade zoveel mogelijk te beperken." Sa wolle de ynstânsjes neffens de wurdfierder absolút foarkomme dat floeistoffen as brânstof yn it wetter bedarje. "We zetten alles op alles om dat te voorkomen."

Akku's auto's net maklik te blussen

It 200 meter lange skip hat 2857 auto's oan board wêrfan 25 elektryske auto's. De brân waard foar it earst blust yn de buert fan elektryske auto's. Oft it dêr ek ûntstien is en wêrtroch, is noch ûndúdlik. De elektryske auto's meitsje de brânbestriding neffens de wurdfierder komplekser, omdat akku's net sa maklik te blussen binne.

Skipper KNRM oer de rêdingsaksje

De KNRM fan It Amelân hat sân bemanningsleden út it wetter helle. "Ze zaten als ratten in de val", seit skipper Willard Molenaar. It moat tige hjit west ha oan board: "Wij voelden de warmte al bij ons aan boord, en wij lagen er een eindje van af."
Guon bemanningsleden binne dus fan de boat ôf sprongen. "Ze moesten van helemaal boven naar beneden. Van zo'n hoogte in het water springen, dat is voor die mannen verschrikkelijk geweest"

De rûte

De rûte dy't it skip ôflein hat © MarineTraffic.com

Benaudens foar miljeuramp as skip sinkt

Stichting De Noordzee is benaud foar grutte gefolgen foar it miljeu as it brânende frachtskip laden mei auto's op see boppe It Amelân sinkt. "Dat kin in miljeuramp betsjutte foar de Noardsee en de Waadsee", seit de organisaasje.
"We hopen van harte dat het vrachtschip in veiligheid wordt gebracht, want als het zinkt, dan kunnen de gevolgen voor de Noordzee enorm zijn", seit Ewout van Galen, haad programma's by Stichting De Noordzee. "Het betekent dat het schip met zijn brandstof en de lading van duizenden auto's op de Noordzeebodem terecht komt. Een potentiële ramp voor het milieu en het is dan te hopen dat het schip is te bergen en dat de vervuiling beperkt blijft."

Docht tinken oan MSC Zoe

De gedachten fan de wurdfierder geane werom nei de ramp mei MSC Zoe yn jannewaris 2019. Doe sloegen yn in swiere stoarm boppe de Waadeilannen 342 konteners oerboard. De Noardsee en de Waadsee waarden fersmoarge. Neffens de stichting lizze noch hieltyd hûnderttûzenen kilo's ôffal op de seeboaiem.
"Zowel het incident van vandaag als de ramp met MSC Zoe vinden plaats op een zeer druk bevaren route dicht bij een kwetsbaar natuurgebied. Dat het om schepen met grote afmetingen gaat, maakt de risico's nog groter. Dit soort rampen moeten we voorkomen, en als ze onverhoopt plaatsvinden, moet duidelijk zijn wie verantwoordelijk is voor het opruimen van de troep van de zeebodem."

Earste bylden fan it frachtskip

Rykswettersteat riedt eventuele berging ta

Rykswettersteat hâldt rekken mei ferskate senario's as it giet om it brânende frachtskip boppe It Amelân. Hokker dat krekt binne, kin in wurdfierder op dit stuit noch net sizze. "Dat is afhankelijk van de staat van het schip en of de brand onder controle te krijgen is. Momenteel drijft het schip nog en staat het in brand."
Rykswettersteat besjocht mei ûnder oare de kustwacht en bergingsbedriuwen wat der mei it skip barre moat as it burgen wurde moat. "Wie gaat dat doen, op welke manier en waar moet het schip dan naartoe", seit de wurdfierder. Ek wurdt let op de effekten foar it miljeu. "Een milieuramp is nog niet aan de orde, maar houden we ook rekening mee. Het is een van de scenario's."

Reaksje minister Harbers

Dútske autoriteiten "stand-by"

De Dútske autoriteiten ha help oanbean foar it brânende skip foar de kust fan It Amelân. "We hâlde de situaasje yn de gaten", seit it saneamde Havariekommando, dat ûnder mear brânwachtwurk ferrjochtsje kin en helpe kin by it foarkommen fan miljeuskea.
It Havariekommando soe helpe kinne mei skippen of personiel, lit it haadkwartier yn de Noard-Dútske stêd Cuxhaven witte. Der is help "stand-by", mar foar safier bekend is der noch gjin Dútsk skip ynset.
De tsjinst waard tweintich jier lyn oprjochte en is in gearwurking fan Dútske federale oerheid en de dielsteaten dy't oan de kust lizze. It idee is dat it Havariekommando sawel op de Noardsee as de Eastsee helpe kin mei rampebestriding. It Dútske helpskip Nordic leit al klear flak by it rampskip Fremantle Highway.

Foto's fan de brânbestriding

Mooglik geunstige wyn

Neffens eardere natuerbehearder Richard Kiewiet op It Amelân soe de wyn geunstich stean. De eastlike streaming boppe it eilân soe de boat fierder fan it eilân ôf driuwe litte. Kiewiet seit dat it frachtskip fan it strân fan It Amelân ôf net mear te sjen is.

Grutte brân op frachtskip boppe It Amelân

Helptsjinsten yn Lauwerseach © Persbureau Meter
Op in frachtskip sa'n 30 kilometer noardlik fan It Amelân is fannacht brân útbrutsen. Alle 23 bemanningsleden ha it skip Fremantle Highway yntusken ferlitten, meldt in wurdfierder fan de Kustwacht.
Oan board fan it skip binne hast 3.000 auto's. "Het vermoeden is dat de brand is uitgebroken in een elektrische auto", seit de Kustwacht.