Sportklup Hearrenfean is ek Kickers Emden mei grutte sifers de baas
Sportklup Hearrenfean hat ek de tredde wedstriid fan de tarieding op it nije seizoen mei grutte sifers wûn. Yn Apeldoorn waard Kickers Emden mei 6-0 ferslein.
Kickers Emden spilet op it fiifde nivo fan Dútslân. Al nei njoggen minuten wie it 1-0 troch in doelpunt fan Melle Joop Witteveen. Ché Nunnely en Daniël Karlsbakk fergrutten de skoare nei 3-0 en krekt foar it skoft waard it 4-0 fia Roan van der Plaat.
Yn de twadde helte kamen der noch twa doelpunten by. Tibor Halilovic makke de 5-0 en mei in kopbal bepaalde Pelle van Amersfoort de einstân op 6-0. De skiedsrjochter fluite de wedstriid wat earder ôf, omdat it begûn te tongerjen.
Dêrmei hat Hearrenfean alle wedstriden yn de tarieding oant no ta wûn. Hearrenfean fersloech FC Wolvegea al mei 14-0 en de Regioseleksje fan Gaasterlân-Sleat waard mei 11-0 ferslein.