Cambuur iepenet tarieding op nije seizoen mei oerwinning yn Koarnjum

Doelpuntemakker Michael Breij © Dijks Fotografie
SC Cambuur hat de tradisjonele oefenwedstriid yn Koarnjum mei 3-0 wûn fan SSV Jeddeloh, in ploech dy't spilet op it fjirde nivo yn Dútslân. De goals kamen fan Daniël van Kaam, Michael Breij en Remco Balk.
Oars spile Cambuur altyd de earste oefenwedstriid tsjin DTD, mar ferline jier binne de Ljouwerters dêrmei ophâlden, omdat se mear tsjinstân ha wolle. De iepeningswedstriid waard wol wer spile op it terrein fan De Trije Doarpen.
Nei seis minuten makke Daniël van Kaam foar Cambuur út de earste de beste kâns al de 1-0. Jeddeloh hie dêrnei in fjildoerwicht, mar kreëarre eins gjin inkele echte kâns. Cambuur noch wol ien: Van Kaam krige de bal nei in scrimmage op de latte.
De twadde helte wiksele Cambuur-trainer Sjors Ultee syn folsleine ploech, útsein doelman Yanick van Osch.
Opstelling earste helte: Yanick van Osch, Jhondly van der Meer, Léon Bergsma, Chima Anyasi, Sekou Sylla, Marcel Schaapman, Daniël van Kaam, Fedde de Jong, Silvester van der Water, Milan Smit, Myles Veldman
Opstelling twadde helte: Yanick van Osch, Bjarn Zorgdrager, Milan de Koe, Marco Tol, Alex Bangura, Vincent Pichel, Tom van der Werff, Michael Breij, Wiebe Kooistra (70/Daan Visser, 83/Matthias Nartey), Roberts Uldrikis, Remco Balk
Cambuur krige nei it skoft fuort in tal fan kânsen, mar Roberts Uldrikis en Remco Balk misten. Micheal Breij krige de bal nei in oere spyljen der wol yn. Hy krôle de bal út in frije traap fan sa'n 22 meter yn de krusing.
In kertier foar de ein bepaalde Cambuur de einstân op 3-0. Balk passearre twa man en helle op de râne fan de sechstjin meter goed út.
Folgjende wike spilet Cambuur syn twadde oefenwedstriid tsjin Harkemase Boys yn Koatstertille.
Oefenskema SC Cambuur
  • Sneon 15 july, 17.00 oere: Cambuur-Harkemase Boys (Koatstertille)
  • Sneon 22 july, 14.30 oere: Cambuur-Heracles Almelo (Cambuurstadion)
  • Freed 28 july, 13.00 oere: Cambuur-Jong Utrecht (op trainingskamp yn Scharendijke, Seelân)
  • Freed 28 july, 15.00 oere: Cambuur-Zulte Waregem (op trainingskamp yn Scharendijke, Seelân)
Cambuur siket noch tsjinstanners foar twa oefenwedstriden, wêrûnder op de iepen dei op sneon 5 augustus.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.