Tall Ships Races komme yn 2026 definityf wer nei Harns

De Tall Ships Races ferline jier yn Harns © ANP
Harns is wis fan de Tall Ships Races yn 2026. De Ingelske organisaasje Sail Training International (STI) hat definityf foar de Fryske havenstêd keazen. Harns is dat jier fan 3 oant en mei 6 july gasthear fan it evenemint.
Begjin maart wie it noch ûnwis oft it grutte evenemint wol yn Harns plakfine soe. Oft de provinsje meibetelje woe, wie ûndúdlik. Sûnder dy stipe soe it foar de gemeente dreech wurde.
Uteinlik besleat de gemeenteried dochs grien ljocht te jaan en 750.000 euro frij te meitsjen foar de Tall Ships Races. Al mei al is der 3,2 miljoen nedich foar de organisaasje. Mei stipe fan de gemeente is der yn koarte tiid in bidbook makke.
De float fan de Tall Ships Races ferpleatst him yn 2026 tusken ein juny en begjin augustus by ferskate Noard-Europeeske stêden del, ek yn Denemarken, België en Noarwegen.

Ocean of Experience

It tema foar de edysje fan 2026 wurdt: 'Ocean of Experience'. Dat ferwiist ek nei it traineetrajekt foar jongelju tusken de 15 en de 25 jier, dy't meirinne kinne by it evenemint.
Sûnt 2014 hat Harns om de fjouwer jier gasthear west fan it maritime evenemint. Yn de oanrin nei de Tall Ships Races is ek ekstra omtinken foar Sail Inzicht, in edukatyf maritym programma foar learlingen fan it basis- en fuortset ûnderwiis yn Harns.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.