Tariedings musical De Tocht yn folle gong, betonflier teäter is stoart

Oanlis fan de betonflier foar musical De Tocht © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Op it plak dêr't de musical De Tocht plakfine sil, is grutte bedriuwichheid. De oanlis fan de betonflier fan 2000 kante meter is woansdeitenacht úteinset. Der komt in grutte, nije teäterhal op te stean.
Yn de hal sil it stik mei it ferhaal fan fiif Alvestêderiders op in iisflier útfierd wurde. Neidat de tariedings fertraging oprûnen, omdat it eardere bouplak net beskikber wie, hat Friso Bouwgroep it eigen terrein yn Ljouwert beskikber steld. Produsint fan De Tocht, Foppe van der Veen is entûsjast oer hoe't it no opsjit.
Oanlis fan de betonflier foar musical De Tocht © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Ik fyn it machtich om hjir te stean, want einlings sjochst hjir echt wat gebeuren. It is in enoarm grut plakkaat no en it giet de loft ek noch yn. Dus ik bliuw hjir de hiele dei."
It wurk rint op skema. "Om healwei trijen nachts binne de manlju begûn mei it beton stoarten en hawwe se de earste kuups deryn lein", fertelt Andries Veenstra fan Friso Bouwgroep. "We dogge ûngefear in hûndert kúb yn de oere en we ferwachtsje om tolve oere alles deryn te hawwen."
De foarstelling en de muzyk fan De Tocht binne klear en de cast is koartlyn presintearre. Oer twa wiken binne der noch audysjes. Der moatte fiifhûndert reedrydfiguranten komme foar it peleton.
"Der komme 580 man te riden", seit Van der Veen. "Dat is geweldich. Bern fan fjirtjin jier oant minsken fan tachtich komme dêr om sjen te litten hoe't se ride kinne. Foar ús is dat krekt in snoepwinkel. Om te sjen hoefolle minsken oft meidwaan wolle en it stik omheech tille wolle."
Oanlis fan 2000 kante meter beton © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der is ek noch fraach nei in jonge, froulike keunstrider. "Dy audysjes hawwe we deselde dei. En it is fantastysk om te sjen dat famkes fan tusken de tsien en de fyftjin jier brieven skriuwe fan: dit is myn dream. Wy hawwe ien rol, dêr't keunstriden yn sit."
Oer twa wiken komt de stielkonstruksje fan de 20 meter hege hal op de flier. De premjêre fan De Tocht fynt plak op 1 oktober.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.