Minima krije grienten út de sosjale itenstún fan De Kleine Boerderij yn Easterwâlde
Minsken dy't it net breed hawwe, kinne fan maaie ôf fergees grienten krije by de sosjale itenstún De Kleine Boerderij yn Easterwâlde. Foar inisjatyfnimmer Hester van der Werff is it in dream dy't útkomt.
Se gie oer Europeeske gearwurkingen by de gemeente Ljouwert, mar se sei dy baan op om har folslein op har passy te rjochtsjen. "Ik verbouw nu tien jaar groente voor ons gezin. Eerst op een postzegeltje, nu op een paar duizend vierkante meter", seit Van der Werff.
Se mei in stik lân fan 1.200 kante meter fan har buorlju liene foar De Kleine Boerderij. Bargen hawwe de grûn losmakke, want alles moat sa natuerlik mooglik gebeure.
Yn in pear minuten ploeget de trekker fan in leanbedriuw út de buert moandeitemoarn de modder los. Binnen trije moannen moatte de earste grienten al fan it lân komme. In grutte put, mar Van der Werff krijt help fan frijwilligers. Sa helpe dit wykein by NLdoet sa'n 20 entûsjastelingen mei it ynsiedzjen.
Nettsjinsteande de help hat Van der Werff de hannen fol oan it projekt. Se docht dat net foar harsels, mar foar minsken mei in smelle beurs. Dy kinne aanst fergees fan it fjildsje ite. It idee kaam doe 't se in artikel lies oer de tún fan Stichting Sociaal en Vitaal yn Nijhoarne: "Ik vond het fantastisch en dacht: dat moeten wij hier ook in Oosterwolde."
Subsydzje
It sied sit noch net yn de grûn, of der wurdt alwer sjoen nei de folgjende stap. "De stip op de horizon is werken met één of twee tuinders op een paar hectare grond", seit Van der Werff.
Se fertsjinnet no neat oan De Kleine Boerderij, mar se tinkt dat it projekt rap trochgroeie kin: "We zijn druk met het werven van fondsen en hebben subsidie aangevraagd. Ik heb goede hoop dat dat er ook komt."