‘De Terrorist’ op It Amelân wie in taflecht nei de oarloch, no is der in útstalling

Marre Sloots © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It Fries Verzetsmuseum iepenet sneon in tentoanstelling oer 'De Terrorist', in fakânsjehûs op It Amelân dêr't famylje fan fersetsstriders nei de oarloch byinoar komme koene.
Tusken 1946 en 1953 giene tsientallen famyljes nei It Amelân om dêr in fergeze fakânsje te fieren. Sa koene sy nei de oarloch mei-inoar it trauma ferwurkje.
"Dit wiene famyljes dy't allegearre wat meimakke hiene yn de oarloch. Sa wie der in mem dy't trije soannen kwytrekke wie. De fraach is dan hoe't je de tried wer oppakke kinne," seit Marre Faber-Sloots fan it museum yn de neimakke húskeamer fan De Terrorist.
Om har hinne steane ferskate tafels en stuollen út de jierren '40 fan de foarige iuw. It Fries Verzetsmuseum hat sa folle as mooglik de sfear fan doe neimakke. "Wy hoopje dat besikers sa in gefoel krije fan hoe't dy famyljes op It Amelân oankamen."
De gefolgen fan de oarloch binne grut foar de generaasje dy't efterbliuwt. Yn de jierren fan 1946 oant 1953 reizgje meardere famyljes nei It Amelân ôf om der in fakânsje te fieren yn De Terrorist. Nei de oarloch wurde de bunkers fan de Dútske besetters omtovere ta fakânsjeferbliuw.
Sa komt 'De Terrorist' oan syn namme: "De Dútsers bestimpelen de fersetsstriders as 'terroristen', om sa de publike opiny tsjin har te krijen. De namme fan it fakânsjeferbliuw wie iroanysk bedoeld."

Trauma-ferwurkingsplak

"Yn de oarloch is der al in stichting yn it libben roppen om de neibesteanden fan fersetsstriders opfange te kinnen. Nei de oarloch bliuwt de stichting bestean en komme sy mei it plan om de húshâldingen út te nûgjen op It Amelân."
In foto fan in groep by De Terrorist © Omrop Fryslân
"Yn it fakânsjehûs koene minsken mei itselde ferhaal byinoar terjochte. It waard sa in soarte fan trauma-ferwurkingsplak. Dat slagge fansels net folslein, want de oarloch hie in gigantyske impact op eltsenien. In tal fan dy ferhalen is letter opskreaun."

Mei it gasteboek werom yn de tiid

Der waard alle dagen in gasteboek byholden yn De Terrorist. "Alle nammen steane dêryn en dus wy hawwe in wichtige boarne oan de oarloch oerhâlde kinnen."
It fakansjehûs bestiet net mear, mar it Fries Verzetsmuseum hat it sa folle as mooglik neimakke. "Wy wolle it ferhaal trochfertelle," seit Sloots. "Hoe is it om te libjen sûnder je heit, soan of pake? Dat is fansels ferskriklik. Wy hoopje dat de besikers stilstean wolle by dizze ferhalen."

Fakânsjehûsreüny

Sneon wurdt de tentoanstelling iepene en is der in reüny foar alle gasten of neibesteanden fan it fakansjehûs. Der wurde mear as hûndert minsken ferwachte. De tentoanstelling is de kommende twa jier te sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.