Fan binnenút: "Wy dogge in stap foarút, dêr't de boarger in stap werom docht"
Yn de tiid dat er digitaal wykagint wie, seach Reinoud al dat online de toan nei de plysje hurder waard. Dy feroaring fan toan is oerslein nei de echte wrâld, tinkt er.
It is syn ferklearring foar de tanimming fan geweld tsjin de plysje. Reinoud is ien fan de plysjeminsken dy't te sjen is yn de nije searje Fan binnenut, op 'en paad mei de plysje.
Ek corona hat der oan bydroegen dat der minder respekt is foar de plysje. Reinoud hellet oantinkens op oan Keningsdei yn 2021, noch midden yn de coronatiid mei alle maatregels lykas de jûnsklok. De plysje moat yngripe yn de bosken fan Aldemardum, dêr't in groep jongelju foar oerlêst en fjoer soarget.
De groep rjochtet him tsjin de plysje. Bierfleskes, takken, der wurdt fan alles nei Reinoud en syn kollega's smiten. Plysjeauto's wurde fernield.
Omdat se gjin beskermjende klean oan hawwe moatte Reinoud en syn kollega's belies jaan en flechtsje sy de bosk út. Sûnt dy tiid hawwe der mear fan dit soarte ynsidinten west. Sa gie it yn ferskate doarpen mis mei de jierwiksel fan 2021-2022. In kollega fan Reinoud rekke syn gehoar kwyt oan ien ear.
Minne nacht
By it 'team collegiale ondersteuning' (TCO) sjogge se dat plysjeminsken wrakselje mei de wêrom-fraach. Wêrom dogge minsken soks?
TCO skoot oan by de briefings fan heftige ynsidinten om te sinjalearjen oft alles goed ferwurke wurde kin troch de plysjes. Sa as by in melding dêr't Reinoud en syn kollega Kagor yn aksje komme en dêr't in bern by belutsen is. Kagor fertelt dat er dy nacht min slept hat. Mar nei in pear nachten giet it faak wol wer better en is it ferwurke.
Kagor fynt dat yn syn gefal it geweld ôfnaam is. Hy laket. Dat komt omdat er jierren by de ME sitten hat. Dan wie it altyd en oeral dêr't er kaam sawiesa geweld.
Sûnt er wykagint is, sjogge syn wurkdagen der oars ut. Mar hy is wer serieus fan toan as er fertelt dat de ynsidinten wol heftiger wurde en dat it respekt ôfnimt. Syn wurk as wykagint is in kwestje fan safolle mooglik sichtber wêze, kontakt hawwe mei bewenners en previntyf yngripe. Foarkomme dat saken út de hân rinne.
Mar as er dan dochs optreden wurde moat, kenne de minsken Kagor. Dat kin dan wer de-eskalearjend wurkje. Sa sprekt er yn de searje in flatbewenner oan op gedrach nei klachten oer oerlêst. It is de lêste warskôging; oars wurdt de man op strjitte set.
Leare om konflikt op te lossen
Marianne is koördinator jongerein en húshâlding. Sy sjocht de ynfloed fan ynternet en sosjale media. Saken eskalearje hjirtroch flugger op strjitte. Bygelyks pesten, mar ek troch sexting (it fersprieden of dielen fan seksueel tinte foto's). Ferhalen hawwe altyd twa kanten. It leafst praat se derom altyd mei beide partijen.
De ferzjes ferskille meastentiids hiel bot fan inoar. By in melding fan húslik geweld helje se beide partijen útinoar, prate se, sjogge se nei in oplossing foar dat momint en dogge se in melding by Veilig Thuis sadat dy ynhâldlik mei de húshâlding oan de slach kin.
Marianne sjocht dat dy oanpak wurket. Want se hoecht minder faak nei deselde húshâldingen, lykas eartiids. Húslik geweld sil der altyd wol bliuwe, tinkt se. It soe helpe as wy bern al leare hoe't wy mei emoasjes omgean kinne en konflikten oplosse of mije.
Alle trije fine se har wurk machtich moai om te dwaan. De adrenaline as je nei in melding gean. Skeakelje, kalm reagerje. "Dêr bin ik wol goed yn", seit Marianne. By alle lagen fan de befolking komme je efter de foardoar en makkest fan alles mei. Gjin dei is itselde. Neat is wat it liket.
"Wy dogge in stap foarút, dêr't de boarger in stap werom docht." Dus ja, seit Reinoud mei in twinkeling yn 'e eagen. "Ik sit oer tsien jier noch by de plysje."
De searje 'Fan binnenút, op 'en paad mei de plysje' is fan snein 12 febrewaris ôf om 17.00 op it YouTubekanaal fan de Omrop te sjen. De searje komt op 6 maart op telefyzje, alle moandeis om 17.20 oere.