Harm Visser wiis mei tredde plak yn Alternative Alvestêdetocht, Merel Bosma baalt

Harm Visser fan De Westereen en Merel Bosma fan It Hearrenfean binne tredde wurden yn de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Crispijn Ariëns pakte winst by de manlju, Sharon Hendriks by de froulju.
Dat it by de manlju ta in einsprint kaam, wie lang ûnwis. De lêste oerbliuwselen fan in kopgroep waarden pas flak foar de finish weromhelle. Yn de einsprint wie Ariëns, ek al winner yn 2017, krekt wat rapper as Jordy Harink en Visser.

Trije Friezen yn kopgroep

By de manlju, dy't om 7.45 oere by in temperatuer fan -12 graden begûnen, ûntstie nei oardel oere in kopgroep fan sechstjin man. Dêrby sieten trije Friezen: Björn Bakker (Wynjewâld), Homme Jan de Groot (Hilaard) en Ronald Kruijer (Donkerbroek). Harren maksimale foarsprong wie goed fjouwer en in heale minút.
Yn it peloton gie ûndertusken Marco van der Tuin, moandei noch winner fan de Aart Koopmans Memorial, ûnderút. Mei help fan twa ploechgenoaten koe er werom komme yn it peloton. Dêr fierde de Reggeborgh-ploech, fan de favoriten Crispijn Ariëns en Gary Hekman, it tempo op om de kopgroep werom te heljen.
De kopgroep waard ûnrêstich, ferskate riders besochten fuort te kommen. Under oare Björn Bakker wist in gatsje te slaan, mar hy kaam noait hiel fier fuort. Fjouwer oare riders hienen mear sukses: Janissen, Haasjes, Wolffenbuttel en as iennige Fries Ronald Kruijer.
Flak foar de finish waard, Janissen, dy't as lêste koprinner oerbleau, weromhelle. Hy seach hoe't Ariëns, âld-ynwenner fan Wolvegea, nei de oerwinning ried.
Foar Harm Visser is it tredde plak syn twadde poadium fan dizze wike. Moandei waard er al twadde by de Aart Koopmans Memorial.
De Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee © ANP
Ek by de froulju wienen der avonturiers yn it begjin fan de wedstriid, al duorre it wol langer foardat in definitive kopgroep him foarme. Uteinlik kamen Esther Kiel en Femke Mossinkoff fuort, mar de foarsprong waard net hiel grut en sy waarden ek earder weromhelle as de grutte kopgroep by de manlju.
Nei in lytse fiif oeren sprongen Laura van Ramshorst, Elsemieke van Maaren, Janneke Elzinga en Anne Leitz út it peloton wei. Van Ramshorst wie it sterkst en bleau as iennige oer oan kop. Se gong mei in foarsprong fan 24 sekonden it lêste rûntsje fan 8,2 kilometer yn.

Bosma wer yn de top

Yn de slotronde waard Van Ramshorst dochs werom helle. Sharon Hendriks, dy't wurket yn it Ljouwerter sikehûs MCL, wûn de einsprint. Dêryn waard Merel Bosma, achter Roza Blokker, tredde.
Bosma kin weromsjen op in sterke wike, want snein waard se al twadde op it Iepen NK en moandei fjirde op de Aart Koopmans Memorial.
It wie de earste Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee sûnt 2020. Doe wûn Frank Vreugdenhil by de manlju en Laura van Ramshorst by de froulju.

Ein febrewaris nei Luleå

It trochgean fan de Alternative Alvestêdetocht stie noch even faai. It iis op de Weissensee wie ferline wike tige min, wêrtroch't guon oare wedstriden en toertochten skrast waarden.
Ein dizze moanne steane der noch trije wedstriden op natueriis op it programma by Luleå (Sweden).

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.