Nul út alve foar maratonploech Jumbo-Visma: "It knaget net, mar it is wol hiel ferfelend"

Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Dit seizoen wûn de maratonploech fan Jumbo-Visma noch gjin wedstriid. Ek op it Nederlânsk kampioenskip yn Amsterdam slagge it net. Krekt net.
En dus strielde it segryn nei ôfrin ôf fan it gesicht fan ploechlieder Peter de Vries. "We sitte der no foar de alfde kear krekt neist. Dat is wol hiel ferfelend", joech de Feanster ta. It plan like snein goed te klopjen op de Jaap Edeniisbaan.
Mats Stoltenborg fan de giel-swarte formaasje wie yn de lêste rûntsjes demarearre, mar hy waard yn de lêste bocht byhelle troch Evert Hoolwerf fan Reggeborgh. Yn de sprint kaam Robert Post, in oare rider fan Jumbo-Visma, der krekt net oan. Hy einige as twadde efter Hoolwerf.
En dus slagge it wer net foar de manlju fan De Vries. Dit seizoen wûn de ploech, mei dêryn ek Friezen Jorrit Bergsma en Harm Visser, noch gjin wedstriid.
Bergsma like wol goeie papieren te hawwen om syn NK-titel te prolongearjen, hy siet sels yn de kopgroep. Oant er in gatsje litte moast. "Ik siet efkes te kloaten mei ien fan Zaanlander", sei Bergsma. Se rieden krekt wat efter de foarsten fan de kopgroep.
En doe kaam de fersnelling fan Stoltenborg. Dêr hie de Boarnster gjin antwurd mear op. "It foel net mear stil en by my wie de skerpte der wol wat ôf. Ik meitsje in foutsje, dan sitte je op in gat en lizze je derôf."
Bersgma, twafâldich Nederlânsk kampioen maratonriden, kin dit seizoen noch net syn stimpel drukke op de wedstriden. "Ik hie sels wat faker ride wollen, mar ik ha in pear kear siik west en we ha in pear reade kaarten hân. Nee, it hat allegear wat tsjinsitten", seit de twafâldich Nederlânsk kampioen maratonriden.
Ploechlieder Peter de Vries © Orange Pictures
De konkurrinsje is grut yn it maratonpeloton. De Reggeborgh-ploech mei ûnder oaren Gary Hekman en Evert Hoolwerf, dy't snein de Nederlânske titel pakte, en Royal A-ware fan ploechlieder Jillert Anema hat dit seizoen beide al twa maratons wûn.
Jumbo-Visma stiet noch altiten mei lege hannen, ta frustraasje fan De Vries. "It knaget net, mar it is wol hiel ferfelend. As it knaagje soe, soe it in negative ympuls wêze foar my en de ploech en dat mei noait gebeure", seit de âld-maratonrider, dy't gjin ekskús sykje wol. "We binne hjoed op wearde klopt."
De folgjende kâns op in oerwinning krije De Vries en syn formaasje oankommende sneon yn Thialf, by de tsiende wedstryd foar de Marathon Cup. De Vries: "It moat wol kantelje, dêr sitte je eltse sneon, hiel earlik, wol op te wachtsjen. Dan moatte we it fizier no mar wer lizze op 7 jannewaris op It Hearrenfean."
Gjin Friezen op it poadium by de manlju, mar wol by de froulju. Marijke Groenewoud waard twadde en Merel Bosma einige as tredde. Beiden moasten harren meardere erkenne yn Irene Schouten, dy't foar de sânde kear nasjonaal kampioen waard.
Groenewoud koe wol libje mei it sulver, om't de titel yn de ploech bliuwt. De Hallumse is teamgenoate fan Schouten.
"Eltsenien sei yn it foar dat wy de sterkste ploech binne en dat wy it dwaan moasten. Ik tink dat we dat no wol sjen litten hawwe. Wy binne wol oanwêzich as we der binne", sei Groenewoud, dy't woansdei nei Noarwegen ôfreizget foar it Europeesk kampioenskip allround.
Merel Bosma © Orange Pictures
Ek de nûmer trije wie bliid mei de medalje. Bosma wie 'best of the rest' efter de twa froulju fan Team Zaanlander. "Irene en Marijke zijn wereldtop. Je moet met zo'n fantastisch plan komen of heel veel geluk hebben, anders is de derde plek het hoogst haalbare", joech Bosma ta.
De reedrydster fan It Hearrenfean helle koartlyn al sulver by de earste maraton op natoeriis. En no dus brûns. "Ik ben er ontzettend blij mee. Eigenlijk zouden we voor mijn ploeggenote Esther Kiel rijden, maar ze viel weg uit de koers. Dan word je derde en dat is supermooi."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.