Groenewoud twadde, Bosma tredde by NK maratonriden; Bergsma is titel kwyt

Marijke Groenewoud fiert it peloton oan © Orange Pictures
Irene Schouten hat it NK maratonreedriden by de froulju wûn. Op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam waard se perfekt ôfsetten troch har ploechgenoate Marijke Groenewoud fan Hallum. By de manlju koe Jorrit Bergsma syn nasjonale titel net prolongearje.
Groenewoud kaam sels as twadde oer de einstreek en waard dêrmei twadde. Merel Bosma fan It Hearrenfean finishste op plak trije.
It slagge de oanfallers net om fuort te kommen by it peloton en dus rûn it út op in massasprint. Schouten wie dêryn folle sterker as de rest. It is foar har al de sânde nasjonale titel op rige.

Gjin nije titel foar Jorrit Bergsma

In groepke fan 17 riders pleatste by de manlju in suksesfolle oanfal. It groepke pakte in rûntsje foarsprong op it peloton. Harm Visser fan De Westereen miste de slach. Hy wûn noch wol it sprintsje om it 18e plak, mar die net mei foar de oerwinning.
Jorrit Bergsma siet wol by de kopgroep en mocht dus stride foar de winst. Fiif rûntsjes foar de ein kaam Bergsma lykwols op efterstân te riden en hy koe net mear weromkomme. Bergsma koe syn Nederlânske titel sadwaande net prolongearje.
De sprint om de nasjonale titel waard úteinlik wûn troch Evert Hoolwerf foar Robert Post en Sjoerd den Hertog.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.