It jier fan Jitty van der Werf: "De hiele loads lei fol mei donearre klean"
Op it momint dat de earste bylden fan Oekraynske flechtlingen de húskeamer yn kamen, wist Jitty van der Werf út Hitsum fuortendaliks: de skouders moatte derûnder.
Se liet hûnderten Oekraïners oerkomme, dy't út har tydlike opfanglokaasje ûnderdak fûnen by minsken út de buert. Sels naam se ek fjouwer flechtlingen op.
"As we wachtsje moatte op de burokrasy yn ús lân, dan sjit it net op", seit Van der Werf. Se besleat as oanmeldsintrum foar flechtlingen út Oekraïne te fungearjen. Fia Facebook hie se kontakt mei de minsken dy't help nedich hienen, wêrnei't sy it paad nei Fryslân sochten.
Oekraïners yn Waadhoeke
Van der Werf bea harren plak oan yn ien fan de fjouwer rekreaasjewenten njonken de melkfeehâlderij fan har man Henk. Dêr koene se terjochte, yn ôfwachting fan in fêste lokaasje. Dat waarden meastal pleatsen yn 'e buert. "We hiene in appgroep foar de boereprotesten. Ik haw dêryn frege wa't romte beskikber stelle wol foar flechtlingen. Sadwaande sitte der no aardich wat Oekraïners yn de gemeente Waadhoeke."
Se kamen mei de auto of de bus nei Nederlân ta, fuort fan de grouwéligens yn harren lân. By Van der Werf waarden se opfongen, mei itenspakketten en klean. "De hiele loads lei hjir fol mei klean dy't fia donaasjes binnenkamen."
Op wei helpe
De flechtlingen bleaunen twa of trije dagen yn de rekreaasjehúskes, dy't frij wiene fanwege it kâlde waar. Sa'n twahûndert Oekraïners makken gebrûk fan dizze tuskenstop en dêrnei waarden se fierder holpen troch Van der Werf of de gastfamylje. "Tink dêrby oan de ynskriuwing by de gemeente, it finen fan wurk, en it regeljen fan de soarchfersekering. Earst is dat in flink gedoch, mar nei in skoftke krige ik der wol handichheid yn. It waard rûtine."
It lêste fêste partikuliere opfangplak is in healjier lyn folle. Dêrom komme der no gjin passanten út Oekraïne mear oan. Mar sadree't der plak komt, binne se wer fan herte wolkom, seit Van der Werf mei klam.
Leaver in eigen plakje
Yntusken biedt se sels plak oan fjouwer flechtlingen. Sy wenje sûnt juny yn in caravan, achter de stâl. In beppe, mem, dochter, en in poppe kinne dêr yn alle rêst har eigen libben liede. Se yn 'e hûs nimme, fynt Van der Werf gjin goed idee.
Je leverje nochal wat privacy yn.
"Ik soe dat ek net fuortendaliks advisearje, earlik sein. Je leverje nochal wat privacy yn. Twa of trije wiken sil it fêst goed gean, mar dan komme de yrritaasjes. Hiel normaal, want sa stekke minsken yninoar", seit de Hitsumer. "De flechtlingen dy't hjir yn de buert opfongen wurde, oernachtsje ek hast allegear yn in steancaravan, apart húske of bêd en brochje."
Ynienen fuort
Sels ken se ien dy't twa persoanen út Oekraïne yn 'e hûs naam. Dat rûn net goed ôf. Njoggen moannen lang wennen in mem en har soantsje by dizze kunde. Sy koene allinnich net sa goed mei-inoar oerwei", fertelt Van der Werf.
"De bewenster koe it just wol goed mei him fine. It soantsje fleure der sels fan op. Dat makke de mem jaloersk. Sy fûn dat har soantsje ôfpakt waard. Doe't er ôfswommen wie en de bewenster in dei letter in feestje foar him jaan woe, hie se him meinommen. Ynienen wiene se fuort. Dat hat har bot sear dien."
10.000 euro stellen
Van der Werf hat sels earder in man út Syrië yn 'e hûs wenje litten. Ek dat einige tryst. De 10.000 euro dy't de famylje fertsjinne hie oan in keal, wie op in dei fuort. Krekt as de man. It wie ek de reden dat twa fan har trije bern earst net stiene te springen om wer flechtlingen op te nimmen.
"Mar omdat dy apart wenje, is it no in hiel oare situaasje", seit Van der Werf, dy't deroan taheakket dat der sûnder mis positive foarbylden binne fan flechtlingen yn hûs. "Mar it is goed om te beseffen dat it foar lestige situaasjes soargje kin."
By de famylje dy't se ûnder de wjukken nimt, rint se de doar net plat. Dat fine beide partijen it noflikst. "Ik kin my dat fanút harren posysje ek goed foarstelle. Se wolle wat se meimakke ha, mei-inoar ferwurkje. Alteast, dat idee haw ik."
Se komme út in rezjym wêryn't je minsken net gau fertrouwe kinne.
Se sitte neffens Van der Werf in soad op harren mobyl, wêrmei't se kontakt hawwe mei famylje en it nijs folgje. Oer wat se sjoen hawwe, fertelle de fjouwer net in soad. "En dat is prima. Se komme ek út in rezjym wêryn't je minsken net gau fertrouwe kinne. Dêrtroch binne se tink ik wat mear sletten."
Wen- en libbensjild
De famylje wit him goed te rêden. De Oekraïners dogge boadskippen en keapje sels guod as der wat nedich is. Dat dogge ze fan it libbensjild dat de gemeente harren jout. Dat is sa 'n 1.400 euro, plus de 400 euro oan wenjild. Dêr meitsje flechtlingen oanspraak op as se by in partikulier wenje en is bedoeld foar de minsken dy't oan harren ûnderdak biede.
"Eins kinne se dat better oan de bewenners oermeitsje", fynt Van der Werf. "Je hearre wolris dat it foar ûngemak of strubbelingen soarget, as de minsken dy't harren opfange om dat bedrach freegje."
Klearstean
By Van der Werf is dat net it gefal. De famylje stie der neffens har boppedat fuortendaliks op oan in finansjele bydrage te leverjen, en de mem helpt somtiden mei it skjinmeitsjen fan de túnhúskes. "It ferrint hjir op dizze wize gewoan hiel noflik. Je moatte inoar romte jaan, dat is tink ik it belangrykste", seit Van der Werf. "En as dizze minsken dochs help nedich hawwe? Dan bin ik der foar se."