In reedrydmaraton liket no hiel tichtby te wêzen: "It sjocht der dondersgoed út"

Komt der dizze wike in reedrydmaraton? © ANP
Der is goeie hoop dat de maratonriders dizze wike de izers ûnderbine kinne. Willem Hut fan de KNSB skat de kâns dat der in wedstriid komt, op 80 à 90 persint.
Sûnt in pear dagen is it begûn te friezen, en ek yn de nacht fan moandei op tiisdei sakke it kwik ûnder it friespunt. Dat set de kommende dagen troch. "We wurde hiel bliid fan dizze berjochten. It hie fansels earder begjinne mocht te friezen, en kâlder mei it ek noch wurde, mar it sjocht der dondersgoed út", seit Hut, kompetysjelieder fan it maratonriden.

"Ik ferwachtsje dat it frijwol wis is dat der dizze wike in maraton hâlden wurde kin. Ik skat de kâns op 80 à 90 persint."

Trije sintimeter iis

Foar it hâlden fan de wedstriid, dêr't minimaal trije sintimeter iis foar nedich is, binne fiif doarpen yn de race. Wêrûnder Burgum. De oare kandidaten binne Noordlaren, Haaksbergen, Nieuw-Buinen en Puttershoek.

"Der is dus konkurrinsje. Mar der binne goeie ôfspraken ûnderling oer wêr't it oan foldwaan moat." As it giet om it preparearjen fan it iis, is der minder iepenheid. "Dan hâlde de ferienings de kaarten tsjin it boarst. Want ja, de ien hat wer oare trúkjes as de oar."

Kânsen foar Burgum

Om as winner út de bus te kommen, spilet ûnderfining in grutte rol, seit Hut. "Ast bygelyks sjochst nei Nieuw-Buinen, dat al in skoftke meidraait, dan sjochst dat se it iis dêr altyd gau klear lizzen hawwe. It is fansels dreech yn te skatten, mar ik tink dat ek Burgum in goeie konkurrint wurde kin."

Dat Burgum kandidaat is, fynt Hut in goede saak. "It is tige moai foar de sprieding fan de ferieningen. Der binne lokaal altyd noch aardich wat ferskillen wat temperatuer oanbelanget."

Proseduere keuring

Om te sjen oft it iis klear is foar in maratonwedstriid, wurdt der earst in proefboarring dien. Dêrnei nimt de feriening kontakt op mei de gewestlike koördinatoaren natueriiswedstriden. "Dêrnei moatte se it fersyk by harren en by my formeel oanbiede. We komme dan kontrolearjen, en as it goedkard is, kin it trochgean."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.