Kees van Wonderen: "We moeten dominanter aan de bal worden"
SC Hearrenfean giet yn Arnhem op jacht nei de earste oerwinning fan dit seizoen. De ploech fan trainer Kees van Wonderen pakte oant no ta twa kear in punt troch lyk te spyljen tsjin Sparta Rotterdam en Feyenoord. De spilers wolle graach de earste 'trijepunter' byskriuwe.
Dy jacht nei de earste trije punten giet hân yn hân mei it meitsjen fan it earste doelpunt fan sc Hearrenfean dit seizoen. Trainer Kees van Wonderen kin dêrfoar beskikke oer in folslein fitte seleksje. Oft der feroarings komme yn de basis wol de trainer net kwyt. "Het zijn geen lastige keuzes, het is aan de jongens die niet spelen om de concurrentiestrijd in hun voordeel te beslechten."
Mei Vitesse treft sc Hearrenfean in tsjinstanner dy't graach yn deselde formaasje fuotbalje wol. "Ze zullen het inderdaad waarschijnlijk anders doen dan de tegenstanders waar we tegen speelden. Maar het systeem is in mijn ogen niet bepalend voor het resultaat, dat is hoe je er zaterdag tegen Vitesse op het veld staat", sa seit Van Wonderen. "We moeten laten zien dat we na Feyenoord weer stappen hebben gemaakt. We moeten dominanter aan de bal zijn."
Vitesse hat in minne start fan de kompetysje. Se ferlearen de earste wedstriid fan it nije seizoen yn eigen hûs mei 2-5 fan Feyenoord. Der kaam gjin revâns, want yn de folgjende wedstriid op besite by Excelsior gienen de Arnhemmers opnij it skip yn: 3-1.
Ferline jier noch 2-1 winst
Sc Hearrenfean wit wat winnen is yn de Gelredome. Ferline seizoen noch stapte de ploech fan Johnny Jansen as winner fan it fjild. Spits Amin Sarr skoarde doe twa kear yn in wedstriid dy't mei 2-1 wûn waard.
Yn Arnhem wurdt Hearrenfean stipe troch op syn minst 400 Feanfans. "Die steun is altijd prettig, helemaal in een uitwedstrijd, door je achterban. Dat hadden we in Rotterdam ook, dat is leuk om een zwaar bevochten punt met elkaar te vieren."
De wedstriid Vitesse-sc Hearrenfean begjint sneon om 16.30 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. De kommentator is Timo Jepkema.