Hjittemaatregels by sc Hearrenfean yn oanrin nei útwedstriid tsjin Feyenoord

Waarmte op de training fan sc Hearrenfean © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean hat mei in folslein fitte seleksje de lêste training yn oanrin nei de útwedstriid tsjin Feyenoord ôfwurke. Fanwegen de waarmte begûn de training op sportpark Skoatterwâld in oere earder as gewoanwei.
Grutte fraach is oft de nijste oanwinst Simon Olsson tsjin de Rotterdammers in basisplak krijt. Coach Kees van Wonderen sil in drege kar meitsje moatte. Yn it 5-3-2-systeem dêr't de trainer foar keazen hat, is gjin plak foar fjouwer middenfjilders.

Ekstra opsjes

Ut it rychje Tahiri, Haye, Halilovic en Olsson sil dus op syn minst ien spiler op de bank bedarje. Ek tusken de fleugelferdigeners Rami Kaib en Mats Köhlert sil Van Wonderen kieze moatte. "Over de houding en drive van de spelers ben ik ontzettend tevreden. Olsson oogt fit, maar gaf aan wel wat te moeten wennen aan de trainingsintensiteit. Tibor Halilovic is ook fit en dus gaan we extra opties krijgen."
De wedstriid Feyenoord-sc Hearrenfean begjint sneontejûn om 21.00 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. De kommentator is Timo Jepkema.
Neffens de coach stiet de seleksje der fitter op as in wike lyn tsjin Sparta Rotterdam. Der waard nettsjinsteande de waarmte dan ek fûl en yntinsyf traind. Fuotbalbûn KNVB nimt maatregels fanwegen de foarseine tropyske temperatueren. Der wurdt twa kear ekstra skoft hâlden om de spilers drinke te litten.
Feyenoord belibbe in bettere start as sc Hearrenfean. Se wûnen op besite by Vitesse mei 2-5. Wat benammen opfoel, wie dat de Rotterdammers fysyk frisser wienen as Vitesse, benammen yn de twadde helte. Oer de kânsen fan de Feansters tsjin Feyenoord is Van Wonderen dan ek dúdlik. "We zijn nog niet op het niveau waar we willen zijn."

Lêste oerwinning yn 2016

By de Rotterdammers sit de Fries Sipke Hulshoff dit seizoen op de bank as assistint fan haadtrainer Arne Slot. Hulshoff waard trochskood nei it earste fan Feyenoord, ferline jier wie hy noch trainer fan de beloften.
De lêste kear dat sc Hearrenfean wist te winnen fan '010' is al efkes lyn. Begjin 2016 wûn Hearrenfean mei 2-1 yn Rotterdam troch doelpunten van Henk Veerman en Joey van den Berg. Ferline seizoen ferlear de ploech fan Johnny Jansen noch mei 3-1 yn de Kuip.
Kees van Wonderen giet op besite by de klup dêr't hy acht seizoenen spile."De Kuip blijft altijd iets aparts en bijzonders. Mijn laatste wedstrijd in 2004 is al even geleden, maar de sfeer die daar hangt, is speciaal. Het is zeker leuk om daar terug te komen", seit Van Wonderen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.