Henk de Jong is klear mei de negativiteit oer Cambuur: "Net oerdriuwe"

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur © Orange Pictures
Henk de Jong priuwt negativiteit rûnom de klup Cambuur. Nei it ferlies tsjin Excelsior kamen der ferskate negative lûden. De trainer ergeret him oan dy lûden.
Yn de seizoensûvertuere gongen de Ljouwerters thús mei 2-0 ûnderút tsjin Excelsior, foarôf sjoen as ien fan de degradaasjekandidaten. Ut ferskate hoeken kaam der krityk op Cambuur.
"As je safolle kânsen misse as wy tsjin Excelsior, dan is it terjochte dat der wat krityk komt", seit De Jong. "Mar dat moat net oerdreaun wurde."

Gjin Cambuur 2.0

De trainer ferfolget syn ferhaal yn it Nederlânsk. Hy wol de supporters berikke dy't it Frysk net fersteane. "Cambuur is geen Cambuur 2.0. Cambuur is gewoon Cambuur. We moeten niet degraderen, en daarin moeten wij duizend procent achter elkaar staan."
"Als wij zoveel kansen missen, dan mag daar wat van gezegd worden. Maar laten we elkaar helpen, anders gaat er maar één ding gebeuren: dan gaat de club naar de kloten", seit in grimmitige De Jong.
"Dit irritearret my, ja. Meist sa'n wedstriid net ferlieze mei safolle kânsen, mar it is gebeurd. Dat is ek fuotbal."
Sneon spilet Cambuur de útwedstriid tsjin FC Utrecht. En nettsjinsteande de krityk hat De Jong der nocht oan. "Ja, moai. Wy hawwe in idee, in plan. Dan meitsje wy wer kâns, krekt as alle wiken."

Wizigingen

De Jong feroaret wol wat oan it basisalvetal. Léon Bergsma begjint as sintrale ferdigener en komt yn it plak fan Floris Smand. "Wy binne hiel tefreden oer Smand, mar Léon hat wat mear ûnderfining."
In oare wiziging: Remco Balk start as rjochteroanfaller, Milan Smit fanôf de linkerkant. Dat betsjut dat Mitchel Paulissen nei de bank giet.
De Jong ferwachtet ek wat fan syn spits, Roberts Uldrikis. "Hy begjint te feroarjen. Tinkt posityf. Mar in spits moat net te folle neitinke. Ik sjoch him wer maklik bewegen en hy begjint te skoaren."

Van der Water noch net fit

De oanwinst Silvester van der Water is noch net fit foar de wedstriid tsjin FC Utrecht. Henk de Jong hopet dat hy foar de wedstriid tsjin Fortuna Sittard wer oanheakje kin en dan sil hy foarsichtich brocht wurde. "Earst in kertier spylje en dan hieltyd wat mear. Oars giet it net goed."
De wedstriid FC Utrecht - SC Cambuur set sneon om 20.00 oere útein. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan ferslachjouwer Geert van Tuinen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.