FIDEO: Sa belibbe de bemanning fan De Wylde Swan de Tall Ships Races
Hurde wyn, seesykte, de mêst yn klimme; de bemanning fan de tallships dy't meidien hawwe oan de Tall Ships Races hat in protte meimakke.
De start wie by it Deenske Esbjerg. Op de earste dei wie de see aardich rûch. De trainees moasten dus fuort folop oan de bak. Dêrnei waard de see wat rêstiger, wêrtroch't de jongeren wat mear kânsen krige om freonskippen te sluten of bygelyks yn de mêst fan it skip te klimmen.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar fear de ôfrûne dagen mei op it skip De Wylde Swan. Se makke de folgjende kompilaasje: