Leafdesferhaal te sjen yn bûtententoanstelling by Tall Ships Races yn Harns

Foto fan de tentoanstelling © Harlingensail.com
'In love with Cecilie' is in bysûndere bûtenútstalling by de Tall Ships Races yn Harns. It giet oer in leafdesferhaal op skip.
It is it ferhaal fan Pamela Bourne dy't meifear op fjouwermêster Herzogin Cecilie, in rap seilfrachtskip. Se die ferslach fan it libben oan board en waard fereale op it skip en op de kapitein.
Yn 1958 publisearre de ûnderwilens mei de kapitein troude Pamela Bourne-Eriksson it ferhaal yn it boek The life and death of the Duchess.

Koffer mei foto's

Har dochter fûn yn 2005 in koffer fol mei foto's en deiboeken fan dy reis. Dat materiaal is de basis foar de tentoanstelling dy't Het Hannemahuis yn Harns en it Fries Scheepvaart Museum yn Snits mei elkoar meitsje.
"De dochter heeft de rechten van het materiaal en was ons zeer ter wille. Ze is inmiddels in de tachtig, woont in Finland, maar komt speciaal over voor de tentoonstelling. Ze komt zelfs bij ons logeren", seit Hugo ter Avest, direkteur fan Het Hannemahuis.

Foto's fan twa by trije meter

De útstalling bestiet út 26 panielen mei foto's fan twa by trije meter. Se stean by de kearmuorre yn de Willemshaven. Mei QR-koades kin publyk mear te witten komme.
"De foto's geven een mooi beeld van het schip, de bemanning, hoe ze werkten en leefden. En het zijn mooie liefdesplaatjes", seit Hester Postma, direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum.
It hûndert meter lange skip út 1902 is yn 1936 fergien trochdat it op de klippen rûn en sonk.
De tentoanstelling is fan 14 july o/m 17 july te sjen tusken 11.00 en 23.00 oere. Omrop Fryslân folget de Tall Ships Races op radio, telefyzje en online.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.