Remco Balk hopet mei in poarsje fergif Cambuur oan hanthavening te helpen
It earste oefenduel fan SC Cambuur freed betsjutte it debút fan Remco Balk yn it giel-blau. De oanfaller spile foar it earst sûnt trije-en-in-heale moanne wer in wedstriid.
Balk is it iennige nije gesicht by de Ljouwerters foar de wedstriid tsjin it Dútske SV Meppen, dat útkomt yn de tredde Bundesliga. Silvester van der Water waard freed presintearre, mar siet noch net by de wedstriidseleksje.
En dus binne de supporters dy't nei Koarnjum kaam binne, dêr't de wedstriid spile wurdt, nijsgjirrich nei Balk. Trainer Henk de Jong lit him de earste helte spylje op de linksbûtenposysje. Yn it skoft bliuwt hy, krekt as mear spilers, efter yn de klaaikeamer.
De 21-jierrige oanfaller is bliid dat er einliks wer ris wat sjen litte kin, fertelt er nei ôfrin fan it 2-2 lykspul. "Heel mooi om weer te voetballen, zeker voor Cambuur. Maar het was wel wennen natuurlijk, met andere spelers en bij een andere club."
In hiel soad kin Balk net útrjochtsje. Hy hat ien sjitkâns, dy't blokt wurdt. De Dútske tsjinstanner klapt der bytiden boppe-op en dêrmei komt de Grinslanner ek yn 'e kunde. Al yn de twadde helte krijt er in flinke skop fan in Meppen-ferdigener.
Balk bliuwt efkes lizzen en dat docht tinken oan de reputaasje dy't hy yn Grinslân hat. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân sei RTV Noord-sportferslachjouwer Stefan Bleeker koartlyn dat se Balk dêr sjogge as in schwalbekening. Dat wit de spiler sels ek. "Ja, dat zeggen ze wel. Maar ik vind dat het niet klopt."
Balk bliuwt efkes lizzen en dat docht tinken oan de reputaasje dy't hy yn Grinslân hat. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân sei RTV Noord-sportferslachjouwer Stefan Bleeker koartlyn dat se Balk dêr sjogge as in schwalbekening. Dat wit de spiler sels ek. "Ja, dat zeggen ze wel. Maar ik vind dat het niet klopt."
Ik vind mezelf geen schwalbekoning.
Yn dit gefal kloppet it net, want Balk wurdt wis hurd rekke. Hy hat der faker mei te krijen. "Het hoort bij mijn speelstijl. Ik ben gewoon soms sneller dan de tegenstander, dan moeten ze je hebben en schoppen ze je onderuit. Ik vind mezelf geen schwalbekoning."
It is wol in spiler dy't nei eigen sizzen mei fergif spilet. It is in mantsje yn it fjild. Trainer Henk de Jong fan Cambuur kaam dêr foarich seizoen al efter. "Ik ha him foarich jier al ris sjoen yn in oefenwedstriid tsjin ús. Hy spile doe tsjin Alex Bangura. Dy hiene oarloch mei-inoar. Dat fyn ik wol moai."
Op de training is De Jong bot mei Balk oan 'e gong. Hy moat nammentlik noch wenne oan de wize fan druk sette, sa fertelt de Drachtster. "Hy is folle mear wend om mei te rinnen en te ferdigenjen. Mar we wolle se graach foarop hâlde. Eins binne se wat te sosjaal, wêrtroch't se hiele grutte ôfstannen nei de goal ôflizze moatte. Dêr binne we mei oan 'e gong."
Balk hopet kommend seizoen in belangrike rol te spyljen by de Ljouwerters. Dat kin as links- en as rjochtsbûten. "Ik wil handhaven met Cambuur en mezelf ontwikkelen. Ik wil veel goals maken en assists geven", seit Balk.
Freed slagge him dat net. Cambuur spile úteinlik mei 2-2 lyk tsjin SV Meppen.