Van den Brink oer miljoene-ynvestearring yn Cambuur: "Het is hobbymatig"

Bert van den Brink © Dijks Fotografie
Bert van den Brink sjocht it ynvestearjen yn SC Cambuur as 'hobbymatig'. Moandei wie de fêstgoedûndernimmer yn it Ljouwerter stadion, om't er beneamd is yn it stichtingsbestjoer fan de klup.
By de sertifikaathâldersfergadering waard de miljoene-ynvestearder moandeitemiddei beneamd yn it heechste orgaan fan de klup. "Dat is gewoon om op de achtergrond op de hoogte te blijven", fertelt Van den Brink. "Op de voorgrond hoop ik dat de directie en de technische staf dat doen."

Jild foar ôfbou stadion

Dat Van den Brink wol earen hie nei in plak yn it stichtingsbestjoer, hie hy twa wiken lyn al trochskimerje litten. Doe waard dúdlik dat er foar 2,5 miljoen euro oan sertifikaten kocht hat by de klup. Dêrneist jout er Cambuur in liening fan ien miljoen euro.
It jild brûkt de direksje fan Cambuur foar de ôfbou fan it nije stadion.
De beneaming fan Bert van den Brink yn it stichtingsbestjoer is net de iennige wiziging binnen Cambuur. Erik van der Waard is moandei beneamd yn de ried fan kommissarissen. Hy wie út namme fan de sertifikaathâlders al lid fan it stichtingsbestjoer, mar dat plak is frijmakke foar Bert van den Brink. Van der Waard is dêrnei foardroegen by de RfK.
Van den Brink is in ryk man. Neffens de Quote 500 soe er ferline jier in fermogen hawwe fan sa'n 450 miljoen euro. Hy hat syn jild fertsjinne yn de plomfeesektor en is no aktyf yn it fêstgoed.
It makket dat er mei syn ynvestearring yn Cambuur net perfoarst jild hoecht te fertsjinjen, seit Van den Brink. "Ik ben op mijn zestiende zelfstandig geworden en ik heb altijd nog geld verdiend. Dat is nu niet zo erg meer aan de orde. We willen het wel hoor, maar zakelijk is het wel een mindere investering. Het is hobbymatig."
Bert van den Brink foar in foto fan it nije stadion © Dijks Fotografie
Ut syn hjoeddeistige wurk as fêstgoedûndernimmer wei komt Van den Brink hjir wol faker. "We doen wel meer zaken in Leeuwarden en Fryslân. Als daar meer uitkomt, zou dat heel prettig zijn. Maar dat is niet de achterliggende gedachte", fertelt de fuotballeafhawwer oer syn ynvestearring.

Kontakten wienen der al

Fjouwer jier lyn waard Van den Brink foar it earst belutsen by de stadionplannen fan Cambuur. Dat barde troch de projektûntwikkeler fan doetiids, Wyckerveste. Hy wie lykwols net ûnder de yndruk en heakke ôf. Mar, de earste kontakten mei de direksjeleden fan Cambuur wiene wol lein.
Dy kontakten binne dêrnei ûnderhâlden. In skoft lyn kaam finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur by Van den Brink mei de fraach oft er helpe woe by it realisearjen fan it nije stadion. Mei sukses dus.
Nei eigen sizzen is Van den Brink in grut fuotballeafhawwer. Hy komt regelmjittich by DVS'33 út Ermelo, dêr't er wei komt. Dêrneist stipet er FC Horst, de lytsere amateurklup út de buert, mei in fjild.
Cambuur is de twadde profklup dêr't er jild besteget. De oare klup is Feyenoord, dêr't er stuollen hat yn de sakeklup. Van den Brink hat him wol ris oriïntearre by oare klups."We hebben wel eens een keer een rondje gemaakt. Maar verder is het nooit gekomen."
Als ze een tonnetje tekort komen om een leuke speler te krijgen, kunnen we daarover praten.
Bert van den Brink
Bûten de linen binne se by Cambuur drok mei de puntsjes op de i setten foar it nije stadion. Mar, der stiet foar binnen de linen noch in grutte útdaging iepen. De klup docht der alles oan om folgjend jier yn septimber as earedivyzjonist yn it nije stadion te kinnen.

Gjin spilers keapje

Dêrfoar moat Cambuur him dus kommend seizoen hanthavenje op it heechste nivo. Soe Van den Brink dêr yn de foarm fan finansjele stipe noch wat yn betsjutte kinne? "Dat is niet de bedoeling."
Dochs smyt er de doar net hielendal ticht. "Als ze een tonnetje tekort komen om een leuke speler te krijgen, kunnen we daarover praten. Maar dat is nogmaals niet de bedoeling. De bedrijfsvoering is prima."
Yn augustus begjint it nije earedivyzjeseizoen foar de Ljouwerters. Dan sille we Van den Brink regelmjittich werom sjen op de tribune. "Ik weet niet of dat met een sjaaltje is, maar ik zit zeker op de tribune."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.