'De Vaandeldrager' lûkt soad ekstra minsken nei Fries Museum

Besikers op lêste dei fan De Vaandeldrager © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It skilderij 'De Vaandeldrager' luts in soad eksta besikers nei it Fries Museum yn Ljouwert. Gewoanwei komme goed 3.000 besikers yn de wike, no wienen dat goed 4.500. Direkteur Kris Callens is grutsk.
It skilderij, dat skilder Rembrandt van Rijn yn 1636 makke, is op toernee lâns alle provinsjes. It is begjin dit jier troch it Ryk oankocht foar 175 miljoen euro. Nei de toernee komt it yn it Ryksmuseum te hingjen.
"Wij blijven er hier echt trots op dat we het schilderij hier in Fryslân als eerste hadden", seit Kris Callens. "Dat kwam vooral door het goede verhaal dat we erbij hadden. Dat Rembrandt getrouwd was met Saskia van Uylenburg, de dochter van de burgemeester van Leeuwarden."
Direkteur Kris Callens en wat besikers
Callens hopet dat it hege tal besikers in bliuwend effekt ha sil: "De andere tentoonstelling À la campagne draait al goed. Dit schilderij erbij heeft duidelijk voor een plus gezorgd. We hopen op een dubbel effect. Dus dat het ook goede reclame is voor À la campagne."
It skilderij wurdt de kommende dagen ynpakt. It is fan 12 juny ôf te sjen yn it Centraal Museum yn Utrecht.
De Vaandeldrager © Rijksmuseum

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.