Straffen foar Hearrenfean en Cambuur om fjoerwurk op it fjild
Sportklup Hearrenfean krijt fan boete fan 11.250 euro fan de oankleier betelle fuotbal. Supporters hienen by de útwedstriid tsjin RKC fjoerwurk op it fjild smiten.
De Feanster oanhing smiet it fjoerwurk sawol foar as ûnder de wedstriid op it fjild op 12 maart.
SC Cambuur krijt in jildboete fan 7.500 euro ûnder betingst. Supporters smieten fjoerwurk op it fjild by de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles op 19 maart. De proeftiid is twa jier.