Hans Schrijver ynterim-trainer Harkemase Boys: "Er zit veerkracht in de ploeg"

Hans Schrijver wurdt ynterim-trainer by Harkemase Boys. Hy makket it seizoen ôf as opfolger fan Jan Piet Bosma, dy't dizze wike dien krige.
Hans Schrijver op de tribune by Ajax - Harkemase Boys © Orange Pictures
Harkemase Boys sette Bosma dizze wike op strjitte nei it ferlies tsjin SteDoCo. Dat wie de tolfde kompetysjewedstriid op rige sûnder oerwinning.
Assistint-trainer Willem van Kammen stie dêrnei foar de groep. Hy siet saterdei ek op de bank as einferantwurdlike by de útwedstriid tsjin Ajax (1-1).

Degradaasje foarkomme

Fuort nei de wedstriid makke Harkemase Boys bekend dat Schrijver (62) it seizoen ôfmakket as ynterim-trainer. Hy moat Harkemase Boys yn de tredde divyzje hâlde. De Harkiten steane trettjinde mei 27 punten. Dat is ien punt boppe de neikompetysjeplakken.
Er zit in ieder geval veerkracht in.
Hans Schrijver oer syn nije ploech
Schrijver wie saterdei yn Amsterdam om te sjen hoe't Harkemase Boys it die. "Er zit in ieder geval veerkracht in. 1-0 achter, een rode kaart. Vervolgens werd er enorm veel strijd geleverd en kwamen er kansen. Het lukte om de gelijkmaker te scoren, dat was zeker ook verdiend."
Schrijver is net ûnbekend mei Harkemase Boys. Hy wurket al lang yn de fuotballerij, stie as trainer ek alris tsjinoer Harkemase Boys en soan Ezra spile twa jier foar de klup út de Wâlden.

Spilers begeliede mei fideobylden

Yn 2018 gong Schrijver oan de slach foar Sheffield Wednesday, mar yntusken is er wer in jier yn Nederlân. "Ik heb nu een eigen bedrijfje, waarbij ik spelers nationaal en internationaal begeleid met videobeelden. Dat kan ik in m'n eigen tijd doen. In het weekend ga ik dan soms kijken bij Harkemase Boys of bij ACV."
Schrijver wie earder aktyf as trainer by Snits Wyt Swart, SC Genemuiden en yn de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean en Cambuur. Oant 2018 wurke er as talentcoach fan ONS Snits. "Daar heb ik nog gewerkt met een aantal jongens die nu bij Harkemase Boys spelen, zoals Iloba Achuna en Jelle de Graaf."
Iloba Achuna (rjochts) yn de útwedstriid tsjin Ajax © Orange Pictures
"Moatst ien ha dy't de klup ken, dy't de kultuer ken, dy't de spilers ken", seit foarsitter Sippe Heeringa oer it oanlûken fan Schrijver.
Doe't Schrijver dizze wike benadere waard, wie er neffens Heeringa fuort posityf. "Hy fûn it wol moai dat we him fregen. Hy sjocht hjir in útdaging, mar ek in oplossing. Dat is like wichtich."
Schrijver fynt it sels ek moai dat er oan de slach kin, al fynt er it ek sneu fynt foar syn foargonger Bosma dat dy op non-aktyf set is.

Goed fuotbal sit deryn

Heeringa hat der alle fertrouwen yn dat Schrijver de Harkiten wer de goede kant op helpe kin. "Der sit goed fuotbal yn de ploech. Dat moat der no út komme."
De earstkommende wedstriid fan Harkemase Boys is tongersdeitejûn thús tsjin DOVO. Dêrnei, op peaskemoandei, stiet de útwedstriid tsjin Goes op it programma. DOVO en Goes steane op de twa ûnderste plakken yn de tredde divyzje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.